Ferrassende ûntdekking by ynbringmiddei Histoarysk Blauhûs

April 9, 2024 08:16

Begjin maart, by de earste ynbringmiddei fan de wurkgroep Histoarysk Blauhûs, is in bysûnder findel ynbrocht mei de tekst ‘B.V.L. Friesland afd. Blauwhuis’. Gjinien fan de oanwêzigen wist doe fan it bestean fan de B.V.L. en it ferhaal derefter.

Boarne: Wurkgroep Histoarysk Blauhûs

Nei ûndersyk fûn de wurkgroep de winske ynformaasje fia de Stichting Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân en Kultuer Histoarysk Sintrum De Tiid. It giet om de Bijzonder Vrijwillige Landmacht, de saneamde nasjonale reserve dy’t nei de Earste Wrâldoarloch (1914-1918) oprjochte is en – sa docht no bliken – ek in ôfdieling yn Blauhús hie. Sitaat gaasterlandinwo2.nl: ‘Yn 1923 wiene hast 3800 Friezen ûnderdiel fan de B.V.L. en yn 1936 wie dat tal nei hast 5500 oanwoeksen. Mr. Pieter Sjoerds Gerbrandy waard kommandant fan de Fryske B.V.L. Yn 1928 telde de B.V.O. lanlik 56.500 frijwilligers en yn 1938 goed 93.000.
Yn de tweintiger en tritiger jierren binne ferskate lokale en lanlike gearkomsten organisearre, en ien sprong der echt út. Op woansdei 11 septimber 1935 waard troch in Landdagcomité foar it earst yn Riis in lândei organisearre mei mar leafst 8000-9000 dielnimmers.

Op it programma stiene: defilee, wedstriden en demonstraasjes troch Rijvereniging Dokkum, Gymkhana (parkoers mei hynders), findelswaaien, sjitwedstriden, demonstraasje motorkorps, taptoe, optreden Koninklijke Marine Kapel mei tamboers en pijpers mei ta beslút ‘geluidsfilm, Sluit de Gelederen’. Der sprutsen in protte pommeranten lykas minister fan Ynlânske Saken Mr. J.A. de Wilde en Luitenant-Generaal L.F. Duymaer van Twist.

De B.V.L. is op 29 july 1940 troch de Dútske besetter ûntbûn. Wurkgroep Histoarysk Blauhûs: “We binne tige ferrast troch de eftergrûn fan dit findel. B.V.L. Blauwhuis wie foar ús in folslein ûnbekend fenomeen.” Dêrmei wie de earste ynbringmiddei fan Histoarysk Blauhûs al in sukses. Njonken it findel binne hûnderten âlde foto’s en in grut tal famyljeplakboeken ynbrocht en daliks ynskand. “De útdaging is no om alles te rubrisearjen en te publisearjen”.

Sneon 13 april is der fan 13.30 oant 17.00 oere yn kafee De Freonskip wer in ynbringmiddei foar benammen foto’s, ek út de tachtiger en njoggentiger jierren.

April 9, 2024 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.