‘Lettertreffen’ op tongersdei 18 april yn Ljouwert
Resint ferskynd
Op tongersdei 18 april 2024 organisearret Ljouwert UNESCO City of Literature de twadde edysje fan Lettertreffen, in gearkomste foar de literêre sektor yn Fryslân.

Lettertreffen (foto: Ljouwert City of Literature)
Dy middei wurde skriuwers, útjouwers, biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften en stypjende organisaasjes bypraat oer de plannen en krije sprekkers it wurd oer sichtberens en gearwurking. Nei in plenêr part kin yn lytsere groepen trochpraat wurde. By it ôfslutend sûpke is tiid om inoar te moetsjen en (noch mear) gelegenheid om mei-inoar te praten.
Lettertreffen wurdt holden op tongersdei 18 april yn De Westertsjerke, Bagijnestraat 59, Ljouwert. Kosteleas oanmelde kin – per persoan – oant en mei freed 5 april op de webside fan Ljouwert City of Literature.
De tiden binne:
14.00 oere: ynrin mei kofje / tee
14.30 oere: plenêr programma (sjoch ûnder)
16.00 oere: parallel programma (sjoch ûnder)
16.45 oere: ôfslutend sûpke
18.00 oere: ein programma
In pear dagen foar Lettertreffen kriget men as befestiging in e-mail mei praktyske ynformaasje.
Plenêr programma
Yn ’e grutte seal fan de Westertsjerke is nei de ynrin in plenêr programma, dat fakkundich oaninoar praat wurdt troch deifoarsitter Karen Bies.
* Update Ljouwert City of Literature
Direkteur Ernst Bruinsma sjocht koart werom op ferline jier en sketst yn de plannen foar 2024.
* Fraachpetear mei provinsje Fryslân en Nederlands Letterenfonds
Op hokker wizen stypje provinsje Fryslân en Nederlands Letterenfonds it skriuwen, oersetten, útjaan en de promoasje fan (Fryske) literatuer? Wat binne de mooglikheden foar it oanfreegjen fan subsydzje, hoe binne de kânsen op finansjele stipe te fergrutsjen en op hokker help kin noch mear rekkene wurde? Karen Bies ynterviewt Romkje de Bildt (direkteur-bestjoerder fan Nederlands Letterenfonds) en Harmen Akerboom (teammanager Taal en Leefberens by Provinsje Fryslân) oer al dy saken.
* Noordwoord oan it wurd
Noordwoord besiket safolle mooglik minsken entûsjast te meitsjen foar literatuer. Dat dogge se út Grins wei, foar Noard-Nederlân en de rest fan Nederlân. Correen Dekker (direkteur) en Kim Jelsma (programmeur) fertelle oer de wegen dy’t sy folgje en wat dêrby goed wurket.
Parallel programma
Nei it plenêr part geane de oanwêzigen yn groepkes sitten om troch te praten oer de ferskillende ûnderwerpen. By de oanmelding kin foar ien fan de folgjende sesjes keazen wurde:
*Subsydzjemooglikheden
Petearlieder: Karen Bies
By it plenêre part is te hearen wat der sa al foar subsydzjemooglikheden binne foar (skriuwende) makkers. Wat betsjut dat foar dy? Hear mear en stel dyn brânende fragen. Oan tafel sitte yn alle gefallen: Esther Rodenhuis (Provinsje Fryslân), Greetje Heemskerk (Nederlands Letterenfonds) en Arjan Hut (û.o. Dichter fan Fryslân).
*Suksesfol gearwurkje
Petearlieder: Anne Brouwer
Collaborate or Die is it ko-kreaasje-hânboek dêr ‘t Anne Brouwer dy graach mei om ’e earen slacht. Untdek yn dizze sesje wat de top-en-flop-3 fan gearwurkjen binne. Mei oan tafel yn alle gefal: Correen Dekker en Kim Jelsma (Noordwoord) en Hannah Stienstra (Kultuer Kollektyf/Keunstwurk ).
*Jongerein as makkers en besikers
Petearlieder: Annemarie Lindeboom
Jonge minsken, hoe krigest se oan it lêzen, skriuwen, oer de flier? Binne se ûngrypber, sitte we te sliepen of wat slagget der wol? Harkje en praat mei. Oanskower is wis: Mees van Rijswijk (jonge makker en programmeur).
*Mei-inoar Lêze
Yn febrewaris is Ljouwert City of Literature yn gearwurking mei de Culturele Apotheek op fyftjin lokaasjes yn Fryslân úteinset mei Mei-inoar lêzen (Samenlezen). Elkenien kin meidwaan en tarieding of foarkennis is net nedich. Op Lettertreffen kin mei-inoar lêzen wurde! Underdiel fan it Fries Leesoffensief.
*Portretfoto’s
Skriuwers, dichters en oersetters kinne ien fan de plakjes bemachtigje by de fotosesje troch profesjoneel fotograaf Natalia Balanina. Op basis fan de oanmeldingen meitsje we in yndieling, dêr’t by jildt: fol=fol en tawizing op folchoarder fan ynkommen.
Besjoch foar in yndruk fan Lettertreffen hjir de foto’s fan de earste edysje op 23 maart 2023.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje