Nije wenromte troch werbestimming

Maart 18, 2024 08:19

De provinsje Fryslân stelt € 410.000,- beskikber foar it bouwen fan selsstannige wenten yn besteande gebouwen, in saneamde werbestimming. Sa kin gau nije wenromte realisearre wurde en krije leechsteande gebouwen in nije funksje. De regeling wurdt hjoed, 18 maart 2024 iepensteld.

Foto: Provinsje Fryslân

By de iepenstelling fan de regeling werbestimming yn 2022 wie der in soad belangstelling. De provinsje ferwachtet dêrom dat ek dizze regeling yn in ferlet foarsjocht. Troch sa’n transformaasje fan besteande gebouwen kin gau op duorsume wize nije wenromte realisearre wurde. En troch leechsteande gebouwen in nije bestimming te jaan kin it fertutearzjen yn doarpen en wiken ek tefoaren kommen wurde. It komt de leefberens te’n goede.

Deputearre Sijbe Knol: “Der binne noch in soad gebouwen dy’t troch in ferbouwing oanpast wurde kinne foar it wenjen. We wolle eigeners fan gebouwen dy’t harren eardere funksje kwyt rekke binne, stimulearje om der wenningen fan te meitsjen. Sa kinne we fluch nije wenten meitsje, ticht by besteande foarsjenningen.”

It giet om in bedrach fan € 410.000,- dêr’t in bydrage foar yn totaal 27 wenningen mei oanfrege wurde kin. Mei de subsydzje kinne inisjatyfnimmers in besteand gebou, of in part dêrfan, transformearje fan net-wenromte nei ien of mear selsstannige wenromten.

Maart 18, 2024 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.