ProRail hat spoaroergong Boazum befeilige

Augustus 23, 2022 09:18

Ofrûne wykein hat ProRail wurksumheden útfierd by de spoaroergong oan ’e Singel yn Boazum. Ferline jier wie dêr in slimme oanriding, dêr’t twa persoanen by om it libben kamen. De spoaroergong is ien fan ’e alve iepenbier tagonklike Net Aktyf Befeilige Oerwegen (NABO’s) yn Fryslân dy’t ProRail op syn lêst yn 2023 oanpakt.

Foto: Wikipedia/M.F. Naaldenberg – publyk domein

“Minsklike drama’s dy’t djip yngripe”
Foaral campingasten fan Nij Wybranda brûke de oergong yn Boazum. Dat barde ek op 5 juny 2021, doe’t in troud pear it spoar mei harren auto oerstuts. Se kamen yn botsing mei in trein en ferstoaren op it plak fan it ûngemak. Boargemaster Jannewietske de Vries: “Dit binne minsklike drama’s dy’t djip yngripe. Je wolle alles dwaan om soks foar te kommen.” Deputearre Avine Fokkens-Kelder foeget dêroan ta: “It ûngelok yn Boazum wie in ramp. Foar neibesteanden, treinpersoniel, helpferlieners en oare belutsenen. In sa gau mooglike befeiliging fan NABO’s is needsaaklik.” Regiodirekteur Danou Veenhof slút har dêr út namme fan ProRail by oan: “Wy wurkje oan dy oerwegen just om dat soarte fan freeslike ûngelokken foar te kommen. Yn Fryslân en ek yn oare provinsjes pakke wy dy en oare oan om de feiligens hieltyd grutter te meitsjen.”

Oerwei breder makke
ProRail hat tusken snein 21 augustus 1.00 oere en moandei 22 augustus 5.00 oere oan ’e spoaroergong yn Boazum wurke. Kilometers graafwurk en it oanbringen fan spoarbomen en de ynstallaasje wiene al dien. ProRail wurke it wykein oan befeiliging, oansluten en testen oft alles wurket, en hat de oerwei breder makke. Nei it kampearseizoen, yn novimber, flakket ProRail de wei by de oergong yn Boazum noch ôf. Sa kinne karavans der ek makliker oerhinne.

ProRail: gjin ûnbefeilige spoaroergongen mear
Mei de spoaroergong yn Boazum hat ProRail aanst de twadde NABO yn ’e gemeente Súdwest-Fryslân oanpakt. Fjouwer oare NABO’s yn dy gemeente steane ek op ’e nominaasje om oanpakt te wurden. ProRail wol dy NABO’s uterlik yn 2023 oanpakke en hat yn opdracht fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat in programma foar de oanpak NABO ynset. ProRail wol der nammentlik ôf: se binne gefaarlik en net mear fan dizze tiid. Leafst soe ProRail se opromje of se troch ûndertrochgongen of in omliedingsrûte ferfange. Want mei it opheffen berikke je de feilichste situaasje: dan kin der gjin oanriding mear barre. As it echt net oars kin, nimt de spoarbehearder in oare maatregel: befeiligje mei in oerweiynstallaasje, dêr’t de krusing fan dyk en spoar dus wol mei yn stân bliuwt. De maatregels binne om ûngemakken yn ’e takomst foar te kommen.

Augustus 23, 2022 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.