Premjêre Drachtster sjoernaals: fjirtjin jier Smellingerlân op film

maaie 7, 2024 08:14

Op tiisdeitejûn 14 maaie presintearje it Frysk Film- & Audioargyf en Smelne’s Erfskip in film oer Drachten yn ’e santiger en tachtiger jierren, gearstald út de Drachtster Journaals dy’t Anton Stoelwinder yn opdracht fan de gemeente Smellingerlân makke.

Byld: Anton Stoelwinder Filmproducties-Gemeente Smellingerlân

De foarstelling wurdt yn ’e Rutger Hauerseal fan Skouboarch De Lawei holden. Foarôfgeand oan de film is der in fraachpetear mei Anton Stoelwinder oer syn karriêre as filmmakker.

Sineast Anton Stoelwinder fan De Gordyk makke yn ’e santiger en tachtiger jierren fjirtjin sjoernaalfilms oer Drachten. Alle jierren produsearre er in filmferslach fan wat er dat jier yn Drachten bard wie. Sa is te sjen hoe’t VV Drachten it yn 1983 tsjin Feyenoord mei Johan Cruiff opnimt, is men by de iepening fan Bernebuorkerij De Naturij mei Mies Bouwman en Hans Wiegel, en komt it ûnferwachte ferstjerren fan boargemaster Van Knobelsdorff oan bod.

Byld: Anton Stoelwinder Filmproducties-Gemeente Smellingerlân

De Drachtster sjoernaals duorje sa’n tweintich minuten de ôflevering. Se binne troch Anton Stoelwinder Filmproducties en Bureau Voorlichting fan de gemeente Smellingerlân makke. Bas den Oudsten skreau it senario en de kommentaarteksten. Johan van der Zee, makker Van Gewest tot Gewest, spruts de kommentaarteksten yn.

Byld: Anton Stoelwinder Filmproducties-Gemeente Smellingerlân

It Frysk Film- en Audioargyf hat alle Drachtster sjoernaals digitalisearre. Fan hichtepunten út de ferskate sjoernaals is in kompilaasje fan fyftich minuten makke, dy’t op 14 maaie foar ien kear yn De Lawei fertoand wurde sil. De sjogger wurdt meinommen nei it Smellingerlân ûnder de boargemasters Van Knobelsdorff, Zijlstra en Smallenbroek.

Byld: Anton Stoelwinder Filmproducties-Gemeente Smellingerlân

Wannear: Tiisdei 14 maaie;
Wêr: Skouboarch De Lawei, Rutger Hauerseal;
Oanfang: 19.30 oere;
Yntree: Kaartsjes kostje € 10 (kofje of tee ynbegrepen);
Link: www.lawei.nl/agenda/22484//drachtster-journaal.

Byld: Anton Stoelwinder Filmproducties-Gemeente Smellingerlân

Filmmakker Anton Stoelwinder
Anton Stoelwinder Filmproducties makket al mear as fyftich jier film- en fideoproduksjes foar bedriuwen en oerheden. Stoelwinder produsearre promoasjefilms, ynstruksje- en foarljochtingsprogramma’s yn Fryslân en fier dêrbûten. Hy wurke ek mei as kameraman en/of filmbewurker by grutte spylfilms lykas De Fûke en De Schippers van de Kameleon. In produksje fan eigen hân is de film Eise Eisinga – Het fenomeen van Franeker uit 2004.

maaie 7, 2024 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.