Budzjet subsydzjeregeling wolfkearende maatregels ferhege
Resint ferskynd
Yn novimber 2023 is de subsydzjeregeling ‘Skea troch wolven foarkomme’ wizige. Deputearre Steaten makken de subsydzjeregeling foar feehâlders tagonkliker. Sûnt dy tiid is der mear gebrûk fan de regeling makke. Dêrom stelt Deputearre Steaten € 250.000 ekstra beskikber. Dêrneist is de regeling no ek beskikber foar hâlders fan alpaka’s en bargen.

Foto: pixabay.com
Deputearre Matthijs de Vries is bliid dat der mear gebrûk makke wurdt fan de subsydzjeregeling: “Op dit stuit is skea troch wolven allinnich foar te kommen troch wolkearende maatregels. Wy wolle dêrom mei de subsydzjeregeling feehâlders safolle mooglik stimulearje en fasilitearje. Troch € 250.000 ekstra beskikber te stellen, kinne noch mear feehâlders wolfkearende stekken keapje.”
Feehâlders dy’t sûnt novimber fan de subsydzjeregeling gebrûk meitsje krije de subsydzje foardat se wolfkearende roasters oanskaffe. Earder wie dat efternei. De regeling wie yn novimber al útwreide foar hâlders fan kij, hynders en ponnys. No kinne hâlders fan alpaka’s en bargen der ek gebrûk fan meitsje, sa’t dat yn Drinte en Oerisel al it gefal is.
Fierder wurket de provinsje gear mei IPO, BIJ 12, LNV en alle oare provinsjes oan in aktualisearre ynterprovinsjaal wolveplan. Dat moat mear rjochting jaan oan it sûnder konflikten mei de wolf gearlibjen. De oplevering dêrfan wurdt ein 2024 ferwachte. Nei oanlieding fan in moasje yn Provinsjale Steaten yn desimber 2023 docht Deputearre Steaten dêrneist ek ûndersyk nei maatregels oangeande previnsje, populaasjebehear en de oanpak fan probleemwolven.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje