Unyk histoarysk damboerd smyt nij ljocht op komôf Frysk damspul

april 30, 2024 10:33

Frysk damjen, ek wol ‘Oer alles’ neamd, is in hiel âld spul. It wurdt al sûnt de santjinde iuw beoefene. It Fryske damspul wurdt spile op in boerd mei hûndert fjilden en hat unike slachregels. Yn tsjinstelling ta it gewoane damjen meist by Frysk damjen alle kanten op slaan: skean, rjochtút en oerdwers.

Boarne: Tresoar

Ea bestie it damboerd út linen en net út fjilden. It lineboerd – dat noch hieltyd brûkt wurdt – komt oarspronklik út Noard-Afrika en ken deselde slachregels as it Frysk damjen. Mar wêr komt it fjildeboerd wei en hoelang bestiet dat eins al? Konkreet bewiis op dy fraach bleau út en dêrmei ek antwurd op de fraach wêr’t de oarsprong fan it Fryske damspul leit. Oant no ta … In unyk histoarysk spylboerd yn it Ryksmuseum, fersierd mei mear as 280 sulveren plaatsjes mei prachtige gravueren, blykt it ûntbrekkende puzelstikje te wêzen yn de skiednis fan it Fryske damspul.

Undersiker en leafhawwer fan it Frysk damjen Marten Walinga wie nei it Ryksmuseum en kaam dêr in unyk histoarysk damboerd tsjin, datearre tusken 1600 en 1650 en ôfkomstich fan de Ljouwerter keunst- en antykhanneler A.C. Beeling. It bestean fan dit damboerd – dat op it iuwenâlde spylboerd Alquerque út it Midden-Easten liket – wie by Walinga al bekend, allinne fertelde it byskrift him no dat de slachregels fan dit damboerd eksakt oerien lykje te kommen mei de slachregels fan it Frysk damjen.

Boarne: Tresoar

Nei in yngeand ûndersyk docht bliken dat it boerd nei alle gedachten troch in Fryske sulversmid út Kollum makke is foar ien út de aadlike Botnia-famylje. Troch de datearring, it type boerdspul én it Frysk komôf kin it net oars as dat dit damboerd it Frysk damjen yn syn alderearste foarm sjen lit. Mei dêrtroch wurdt ek oantoand dat de oergong fan it damboerd mei 64 fjilden nei it damboerd mei 100 fjilden in Fryske oarsprong hat en dy kennis makket wer dúdlik dat it hjoeddeistige ynternasjonale damspul fan it Fryske damspul ôflaat is.

Publykslêzing en wurkatelier Frysk damjen foar jongerein
Om de útkomsten fan it ûndersyk oant it it publyk te presintearjen, organisearje Tresoar en stichting WFD (World Championship Frisian Draughts) op 16 maaie om 20.00 oere yn Tresoar in publykslêzing dêr’t Marten Walinga oer de skiednis fan it Frysk damjen en de útkomsten fan syn ûndersyk yn fertelt. Yn de middei om 16.00 oere krije jongelju fan it fuortset ûnderwiis les yn Frysk damjen en spylje dêrnei online in toernoai. Mear ynformaasje oer de lêzing en it wurkatelier stiet op tresoar.nl ûnder aginda.

Boarne: Tresoar

Tinksportkolleksjesintrum Tresoar
Tresoar – literatuermuseum, argyf en biblioteek Fryslân – beheart boeken, tydskriften en argiven op it mêd fan de fjouwer grutte tinksporten skaken, bridgen, go en damjen (mei dêrûnder Frysk damjen). Ut it Tinksportkolleksjesintrum wei fasilitearret Tresoar wittenskiplik ûndersyk, lykas it ûndersyk fan Marten Walinga nei it unike damboerd yn it Ryksmuseum.

Datum: Tongersdei 16 maaie 2024
Tiid: Wurkatelier foar de jongerein om 16.00 oere, publykslêzing om 20.00 oere
Lokaasje: Tresoar, Boterhoek 1 yn Ljouwert
Kosten: fergees
tresoar.nl/bezoeken/agenda

april 30, 2024 10:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.