Subsydzje foar ôfbou gewaaksbeskermingsmiddels

april 2, 2024 08:19

Boeren en leanwurkers kinne eksperimintearje mei it ôfbouwen fan it gebrûk fan gewaaksbeskermingsmiddels en dêrfoar subsydzje oanfreegje. De provinsje Fryslân stelt dêr yn totaal € 60.000,- foar beskikber. De subsydzjeregeling is ûnderdiel fan in grutter programma. Dêr wol de provinsje in beweging mei op gong bringe om it brûken fan middels foar it bestriden fan ûnkrûd, ynsekten, skimmels, sykten en pleagen yn Fryslân ôf te bouwen.

Foto: Provinsje Fryslân

De subsydzjeregeling is bedoeld om yn it lyts te eksperimintearjen mei minder of net brûken fan (gemyske) middels om gewaaksen – bygelyks ierappels of tulpen – te beskermjen. En dat op basis fan de prinsipes fan yntegrearre gewaaksbeskerming: dêr’t safolle mooglik gebrûk by makke wurdt fan previntive of net-gemyske maatregels, en sa min mooglik fan gemyske middels. Fan 4 april oant en mei 25 april 2024 kin de subsydzje oanfrege wurde by de provinsje fia www.fryslan.frl/subsidie-experimenmenten. Oanfragen wurde behannele op folchoarder fan ynkomst. Foar wa’t in oanfraach docht is maksimaal €10.000,- beskikber.

Breed programma
De kommende jierren wurket de provinsje oan it stimulearjen fan it ôfbouwen fan it brûken fan bestridings- en beskermingsmiddels. De basis is in inisjatyffoarstel fan Provinsjale Steaten. Deputearre Friso Douwstra: “It is wichtich dat elkenien yn Fryslân omtinken hat foar dit tema. Dat betsjut ek dat wy dy beweging nei ôfbouwen fan it brûken yn hiel Fryslân oantrúnje sille. It giet dan bygelyks om in bewustwurdingskampanje foar de húshâldingen, mar ek in ûndersyk nei it brûken fan middels by de bedriuwen.”

Sûne leefomjouwing
Bestridings- en beskermingsmiddels komme op tal fan plakken foar. Tink oan middels foar alge-oangroei om hout of oar materiaal te beskermjen. Mar ek desynfeksjemiddel, antywjirme- en flieëmiddel foar húsdieren of gif foar mûzen en rotten. It giet om stoffen dy’t faak wetlik sjoen wol tastien binne, mar troch te folle of ferkeard gebrûk skealik wêze kinne foar planten, bisten en minsken. Fia (rein)wetter, loft of de boaiem komme se yn it miljeu.

april 2, 2024 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.