Kobus van Gorsel waard Jan Hagel (ferhaal)

April 27, 2024 09:18

Mr. J.B. Kanskoalle. Jobbegea-Skuorregea (foto publyk domein)

Kobus van Gorsel, yn Schoonebeek berne yn 1899, wie oant 1938 reservekaptein by it Nederlânske leger, mar waard ôfkard fanwegen tbc. Doe’t er wer better wie, waard er haad fan de Mr. J.B. Kanskoalle yn Jobbegea. Yn 1942 waard er lid fan de NSB. As lânwachtkommandant wie er wakker aktyf yn de Súdeasthoeke fan Fryslân. Sûnt begjin 1944 wie er kommandant fan in groep Gordykster NSB’ers dy’t in protte aksjes tarette.

By in razzia yn Nij Beets op 2 maaie 1944 waard in ynfal dien by in famylje Veenstra, nei in tip dat dêr ûnderdûkers sitte soene. De bruorren Hindrik en Geuchien, dy’t dêr ûnderdûkt wiene, stoden de greiden yn. Geuchien liet him net wjerhâlde troch de hagel dy’t him om ’e earen fleach en koe ûntkomme. Hindrik doarst net troch te rinnen en bleau stean. Hy is dêrnei nei Dútslân transportearre.

In pear wike letter wie de groep lânwachters al wer yn Beets. De wolbekende dominy Zelle hold dêr in preek yn de grifformearde tsjerke. Under de tsjinst omsingele de lânwacht de tsjerke. Dêrom waard in lange psalm ynset. Dat joech ferskate ûnderdûkers de gelegenheid om har yn de tsjerke te ferstopjen: ûnder de preekstoel, by it oargel en sels ûnder it dak. Doe’t de minsken letter nei hûs ta giene namen se de fytsen fan de ûnderdûkers mei. Der waard ek noch in ferkearde fyts meinommen, fan ien fan de lânwachters. Dêr kamen se efter doe’t se yn de fytstas seagen, dêr siet in pak NSB-blêden yn: Volk en Vaderland. De lânwacht hat dy kear gjin ûnderdûkers fûn.

In soad lju út Beets hiene de radio net ynlevere, sa ek Jouke Meyer. Doe’t de lânwacht by in ynfal syn radio net fine koe, waard er mishannele. Ien fan de lânwachters, Kobus van Gorp, loste sels in gewearskot efter syn holle, mar Jouke sei neat en de radio waard net fûn.

By Oene de Haan op ’e Tynje siet W. Douma út Grins ûnderdûkt; dy waard by in ynfal troch de lânwachters ûntdutsen en moast tagelyk mei noch in oarenien, De Haan, nei it Hearrenfean. Douma krige in ketting om ’e nekke en de polzen, sadat er net útnaaie koe. Mar troch dy kettingen waard er sa hindere dat er net fytse koe. Doe waarden de kettingen om ’e polzen wer losmakke en dêrtroch koe er dochs noch útnaaie. De Haan kaam nei in pear dagen wer frij.

In pynlik fersin

Jan Eisenga (1908-1943)
(foto publyk domein)

Op 3 maaie 1943 brocht Jan Eisenga, haad fan de legere skoalle op ’e Gordyk, in besite oan Klaas Hornstra, dy’t dêr learaar oan de ulo wie. In wike earder, op 29 april, wie de maaiestaking útbrutsen, as reaksje op it bekendmeitsjen fan de befelhawwer fan de Dútske troepen yn Nederlân, Christiansen, dat alle âld-militêren yn kriichsfinzenis nei Dútslân moasten om dêr te wurkjen. Eisenga en Hornstra beslisten, nei oerlis mei de âlden, dat de skoalle foarearst ticht soe. De oare deis fytste frou Hornstra nei Donkerbroek nei har suster. Underweis seach se oan de Skoatterlânskedyk yn Skuorregea in skoalle stean mei dêrnjonken in skoalhûs. Hja tocht dat it de wenning fan master Papa wie en gie derhinne en skille oan. Se gie derfan út dat de frou dy’t iependie de frou fan Papa wie en fertelde har dat se op ’e dyk heard hie dat de bern de oare deis net nei skoalle hoegden. Mar dy frou makke har bekend as frou Van Gorsel en se fertelde har dat sy en har man lid fan de NSB wiene. In raar fersin. Frou Hornstra hie Papa freegje wollen oft dy ek meidwaan woe mei it sluten fan de skoalle. Aldergelokst hie se de namme fan Eisenga net neamd.

Doe’t frou Hornstra fuort wie, gie fan Van Gorsel nei syn ûnderkommandant Van der Vegt op ’e Gordyk en fertelde hokfoar bisite se hân hiene en dat frou Hornstra him bewege woe om de skoallestaking te stypjen. Groepslieder Van der Vegt ljochte de Dútske Creutzfeld yn. Jûns healwei tolven waard frou Hornstra fan ’t bêd helle, arrestearre en nei de wenning fan Creutzfeld brocht. Jan Eisenga blykte ek yn de arrestantewein te sitten. By Creutzfeld folge it earste ferhoar fan frou Hornstra yn it bywêzen fan Van der Vegt. Dêrnei brochten se har nei Ljouwert en waard se opnij ûnderfrege. It gie hieltiten oer de besite by frou Van Gorsel, mar se koe fierder neat fertelle.

Se waard op it lêst frijlitten, mei de earnstige warskôging dat se in oare kear fusillearre wurde soe, mar om’t se bern hie lieten se har gean. Jan Eisenga waard op 5 maaie fusillearre fanwegen syn oprop ta de skoallestaking.

Op 15 april 1945 waard Van Gorsel op ’e Jouwer oppakt. Dêr wie er om’t er yn maart 1945 noch as boargemaster fan Haskerlân beneamd wie. Hy waard ûnderfrege troch de Politieke Opsporingsdienst en doe ûntkende er noch in soad oanklachten. Pas op 29 septimber 1947 stie er wer foar de rjochters en dêr wiene ek ferskate tsjûgen by oproppen. De beskuldiging wie: arrestaasjes fan ûnderdûkers, it ferried fan frou Hornstra en it mishanneljen fan Jouke Meijer. Trochdat Justysje it lânwachtboek yn hannen hie, koe Van Gorsel neat ûntkenne.

Der waard in finzenisstraf easke fan 20 jier. De útspraak wie 15 jier R.W.I. (Rijks Werk Inrichting) mei ûntsizzing fan it kiesrjocht foar it libben.

Jangerben Mulder

Boarnen: De Heerenveense Koerier en Gorredijk Historie.

Foto op de thússide: de âlde iepenbiere skoalle op ’e Gordyk dêr’t Jan Eisenga haadmaster wie mei tank oan Gorredijk Historie.

‘Jan Hagel’ wie doedestiids de skelnamme fan de lânwachten, dy’t as wapen in jachtgewear hiene.

 

April 27, 2024 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.