Kleurrike postmoderne wandkleden yn Grinzer Museum

April 30, 2024 08:13 Fernijd

It Grinzer Museum is wiis mei de oankeap fan twa bysûndere wurken. Ien is in resint oankocht wandkleed fan de bekende ûntwerper Andrea Branzi, it oare in wandkleed fan Koen Taselaar. De oankeap fan it keunstwurk fan Branzi is mooglik makke troch frou C.E. van der Veen-le Grand, lid fan de Feriening fan Freonen fan it Grinzer Museum. De nije oankeapen binne fan no ôf te sjen.

©Andrea Branzi, ‘Balleto Geometrico’, 1980 (foto: Heinz Aebi)

©Koen Taselaar, ‘Radical Furniture For Radical Times’, 2019 (foto: Heinz Aebi)

Andrea Branzi’s ‘Balletto Geometrico’
Andrea Branzi (1938-2023), de fisjonêre Italiaanske ûntwerper dy’t de grinzen fan ûntwerpen ferlei, kaam út it itselde fermidden as Alessandro Mendini. De ûntwerper wie fan 1976 ôf in pionier by it radikale ûntwerpkollektyf Studio Alchimia yn Milaan. Letter sleat er him by de mear kommersjele ûntwerpersgroep Memphis oan. Dêr omearme Branzi in rebelske oanpak fan ûntwerpen. Dêr waard as reaksje op it modernisme de tradysje opnij by útfûn.

Branzi’s wandkleed ‘Balletto Geometrico’ (1980) makke diel út fan de Bau.Haus-kolleksje fan Alchimia. Dat wie in earbetoan oan de Dútske avant-garde oplieding Bauhaus (1919-1933). ‘Balletto Geometrico’ is de útfergrutting fan in kleurrike ûntwerpskets. Dy waard yn 1923 makke troch Kurt Schmidt, in studint oan it Bauhaus, foar in ‘meganysk ballet’. Dêr en yn dat wandkleed binne de dûnsers abstrakte foarmen, yn stee fan minsken. It doel is dan ek om op in boartlike wize in konstruktivistysk skilderij, dêr’t allinnich gebrûk fan geometryske en abstrakte foarmen yn makke wurdt, ta libben te bringen.

Mear wandkleden út eigen kolleksje
It Grinzer Museum presintearret ek it yn 2020 oankochte, mar nea earder toande, wurk fan Koen Taselaar. De keunstner ferdjippe him yn ’e ynfloeden fan it Bauhaus en moderne weeftechniken. Syn unike oanpak dêr’t er de rike kolleksje en arsjitektuer fan it Grinzer Museum yn omearme, resultearre yn it wandkleed ‘Radical Furniture for Radical Times’ (2019). It wurk toant oktopussen op meubelûntwerpen en giet dêrmei de dialooch oan mei postmodern ûntwerpen en aktuele tema’s lykas klimaatferoaring. Skielk kinne oktopussen samar mei de postmoderne meubels fan it museum oan ’e haal gean. Se soene nammentlik de opwaarming fan de ierde better oerlibje kinne as minsken.

De presintaasje mei Taselaar en Branzi is oanfolle mei twa wandkleden út de eigen kolleksje fan de keunstners Peter Struycken en Wobbe Alkema en jout in mearsidich en dynamysk oersjoch fan sawol histoaryske as hjoeddeiske tekstylkeunst en ûntwerp.

April 30, 2024 08:13 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.