Fryslân Ferbynt, in regeling foar in brûzend Fryslân
Resint ferskynd
Op 22 juny 2024 is de earste Fryslân Ferbynt-dei. Dat hawwe Deputearre Steaten op 2 april 2024 fêststeld. Inisjatyfnimmers kinne fan 16 april 2024 ôf € 500,- subsydzje oanfreegje foar harren aktiviteiten en eveneminten dy’t op 22 juny 2024 útfierd wurde. Op dy dei sille yn hiel Fryslân aktiviteiten wêze foar en mei (potinsjele) frijwilligers fan stiftingen en ferieningen.

Foto: Provinsje Fryslân
It doel fan de Fryslân Ferbyntdei is dat op dy dei yn Fryslân it moetsjen, it dwaan fan frijwilligerswurk en it oanlûken en behâlden fan frijwilligers sintraal stiet by stiftingen en ferieningen. Ien dei yn it jier moat it brûze fan de aktiviteiten yn Fryslân. Deputearre Knol kin hast net wachtsje oant 22 juny: “Frijwilligers spylje de haadrol yn doarpen, wiken en ferieningen. Oft it no giet om kultuer, sport of oare sosjale aktiviteiten. Se foarmje it semint fan it Fryske ferieningslibben. Sûnder frijwilligers gjin Fryske mienskip. Dêrom fine wy it fan grut belang dat frijwilligers, ferieningen en organisaasjes harren wurdearre en needsaaklike wurk fuortsette kinne. Wy sette de finsters iepen.”
Oanfreegje
De regeling giet op tiisdei 16 april om 9.00 oere iepen. Fan dan ôf kinne oanfregers fia de webside fan de Provinsje Fryslân it oanfraachformulier, sawol digitaal as skriftlik ynfolje en ynleverje. Skriftlik oanfreegje is noch wol mooglik, mar wurdt ôfret om’t de kâns bestiet dat it beskikbere jild op is foardat de oanfraach op it provinsjehûs is. Stiftingen en ferieningen kinne in bedrach fan € 500,- oanfreegje foar in aktiviteit dy’t op 22 juny holden wurde sil. Der is fan ‘t jier mei-inoar € 250.000,- beskikber, wat delkomt op 500 aktiviteiten en eveneminten. By in oanfraach moatte de inisjatyfnimmers der ûnder oaren rekken mei hâlde dat se ynkeapje by lokale ûndernimmingen en dat it duorsume produkten binne. Hoe’t de inisjatyfnimmers dat ynfolje wol, is oan harsels.
eHerkenning
Wat wichtich is foar it dwaan fan in digitale oanfraach is in eHerkenning-akkount. Bestjoeren fan stichtingen en ferieningen moatte dy sa gau mooglik oanfreegje, omdat in akkount nedich is foar it dwaan fan in digitale oanfraach. It oanfreegjen kin in pear dagen duorje en wy ferwachtsje dat de regeling gau oerfrege wurde sil. Op de side www.eherkenning.nl kin eHerkenning oanfrege wurde foar jins stichting of feriening. Oanfregers hawwe eHerkenningsnivo 2 plus nedich.
Evaluaasje
Provinsjale Steaten hawwe besletten om de regeling te evaluearjen nei de earste edysje fan 2024. Dy evaluaasje moat útwize oft de pilot in ‘sukses’ neamd wurde kin. Provinsjale Steaten beslute dêrnei oft se troch wolle mei de regeling yn de trije kommende jierren.
FNP wol leechdrompelige Fryslân Ferbynt-dei
De FNP wol dat it kolleezje de oanfraachproseduere oanpast, om’t dy te dreech wêze soe. Fraksjefoarsitter Gerben van der Mei: “De Fryske Steaten hawwe yn jannewaris unanym in moasje oannaam dy’t freget om in alternatyf te bieden foar de online oanfraach mei eHerkenning, bygelyks troch ek it skriftlik yntsjinjen fan de oanfraach mooglik te meitsjen. Sa wurdt it oanfreegjen makliker makke. Wy sjogge no dat de provinsje skriuwt dat skriftlike oanfragen mooglik binne, mar dat de kâns op subsydzje dan lytser wurdt.”
Benammen lytsere ferieningen en stiftingen hawwe yn de measte gefallen gjin eHerkenning, in kommersjele tsjinst wêrmei’t online identifikaasje mooglik makke wurdt. De provinsje freget inisjatyfnimmers dy’t skriftlik oanfreegje wolle om te beljen; dêrnei pas wurdt in oanfraachformulier opstjoerd. Gerben van der Mei: “Fryslân driuwt op frijwilligers, dat is de krêft fan de mienskip, fan Fryslân. Dy minsken wolle wy berikke – alle inisjatyfnimmers moatte oanfreegje kinne, ek lytse ferieningen of bewennersgroepen. Wêrom kin dat formulier dan net fan de side fan de provinsje delhelle wurde en oan de baly ynlevere wurde?”
Om’t de oanfraach fan 16 april ôf al yngiet, hat de FNP frege om behanneling yn de gearkomste fan oare wike woansdei 10 april. De partij sil dan fragen stelle oan it kolleezje.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje