De takomst fan klimaatbestindich Fryslân yn twa animaasjes

april 29, 2024 08:10

Troch klimaatferoaring, it omheechkommen fan de seespegel en it weisakjen fan de boaiem nimt de kâns op oerstreamingen, wetteroerlêst, skea troch drûchte, stress troch hjitte en it fersâltsjen fan it grûnwetter ta. Yn twa animaasjes lizze Wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân út hoe’t we hjir en yn it Grinzer Westerkertier yn de twadde helte fan dizze iuw noch goed wenje, wurkje en rekreëarje kinne.

Yn de animaasjes – op de webside fan Fryslân Klimaatbestindich en hjirûnder te sjen – wurde de takomstige útdagingen foar it Fryske wetter- en boaiemsysteem útlein. De animaasjes litte sjen hokker fyzje Wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân (FK2050) hawwe foar in klimaatbestindige regio, dêr’t foar de romtlike ynrjochting wetter en boaiem stjoerend yn binne. Foar de feangrûnen, klaaigrûnen, sângrûnen, Waadeilannen en it beboud gebiet freget dat om ferskillende oanpassingen. Dy gebieten kenne allegearre eigen útdagingen en mooglike oplossingen.

Deputearre Friso Douwstra: ”De animaasjes litte op ienfâldige wize sjen hokker swierrichheden oft we temjitte geane op it mêd fan wetteroerlêst en drûchte as we neat dogge. It is hiel wichtich om mei-inoar te wurkjen oan in klimaatbestindich Fryslân.”

Fan fyzje oant animaasje en útfiering
Yn de animaasjes wurdt oan elkenien in driuwende oprop dien om mei te wurkjen oan needsaaklike feroaringen. It útwurkjen fan de maatregels bart yn ’e mande mei belutsen partijen yn de gebieten.

Deistich bestjoerder Cees Pieter van Burgsteden fan Wetterskip Fryslân: ”De animaasjes jouwe foar de kommende fyftich oant hûndert jier in goed ynsjoch yn ’e ûntjouwing fan it wettersysteem yn Fryslân. Se helpe ús om as mienskip foar de takomstige ynrjochting fan Fryslân tûk te kiezen.”

Besjoch de animaasjes hjir:

april 29, 2024 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.