Wat hat Kneppelfreed opsmiten? (ferhaal)

maart 2, 2024 10:00

Gerjochtshôf yn Ljouwert (foto: Wikimedia Commons/Crazy Phunk – CC BY-SA 3.0)

It trelit op Kneppelfreed ûntstie trochdat de rjochtbank fan in rjochtsitting dy’t iepenbier hearde te wêzen in sitting mei sletten doarren makke, as soe it in sedeskandaal oangean. Sjoernalisten fan Fryske kranten lykas de Heerenveense Koerier, de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en de Drachtster Courant waard de tagong ûntsein.

Op it Saailân wiene yntusken optochten en sprekkoaren ûntstien. It wie merkdei en de stêd fol mei minsken. De plysje siet yn in min parket. Dy hie op merkdei de opdracht om de mannichten te fersprieden en de sprekkoaren it swijen op te lizzen. Dêrfoar hiene se brânslangen en gummystokken krigen en rieden se op motoaren mei sydspan. Yn petearen mei ferskate plysjes efternei waard it fermoeden fersterke dat de folsleine ferantwurdlikheid net by de plysje, mar by de opdrachtjouwer lei. Dy woe it konflikt útlokje. Mr. Hollander, offisier fan justysje, is yn dat ferbân neamd.

Oan de minister fan Justysje, Mulderije, waarden yn de Keamer fragen steld oer it hâlden en dragen fan de plysje. Hy sei dat de plysje terjochte hannele hie. Dat sette kwea bloed by de lju dy’t de kneppels op it Saailân field hiene: “Wy komme net wer mei bleate hannen op it Saailân as it heger berop hjir yn Ljouwert wêze sil.”

Begjin febrewaris kamen der trije ministers nei Fryslân: minister Beel fan Binnenlânske Saken, minister Rutten fan Underwiis en minister Mulderije fan Justysje. Dy hawwe har doe yn in petear mei ferskate Friezen persoanlik oer de tastân op ’e hichte bringe litten. Der is harren doe sein dat der yn Fryslân ien ‘Hollander’ te folle wie. Minister Mulderije begriep fan de hiele saak neat, mar minister Beel alles: de plysjes waarden stjoerd en koene der ek neat oan dwaan dat hja ‘gegemberd’ wiene, wat betsjut dat hja, krekt as hynders, gember ûnder de sturt krigen hiene om fjurrich te wurden.

It ministeriële besyk hie wol fertuten dien. Mr. Hollander is promovearre nei Utert en der kamen ek twa nije wetten: de posysje fan it Frysk yn it rjochtsferkear en in regeling foar de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis waard by wet regele.

Mar ûnder dat petear mei de ministers, wie mr. Hollander alwer op it oarlochspaad gien; der wiene, troch jonges fan middelbere skoallen yn Ljouwert, pamfletsjes ferspraat mei protesten tsjin de gong fan saken op Kneppelfreed. Dat wie foar Hollander in oanlieding om dy jonges jûns thús om alve oere oer it mêd te kommen mei in hûssiking en har mei te nimmen foar in ferhoar en fêst te hâlden oant twa oere nachts. De skriuwers Geart Jonkman en Marten Sikkema waarden arrestearre en in pear dagen fêstholden.

Dat de Fryske kwestje ek syn kearside hie, stie op 15 july yn de Heerenveense Koerier. Op in riedsgearkomste fan de gemeente Haskerlân kaam boargemaster Hoekstra mei in bjusterbaarlike ferklearring. Der hiene twa ûnderwizers út de gemeente sollisitearre bûten de provinsje; ien fan harren stie op nûmer ien fan de foardracht. Hja wiene kânsleas wer thúskommen, om’t de gemeenteriedsleden dy’t harren beneame moasten, neat mei dy separatisten út Fryslân te meitsjen hawwe woene. Ferskillende riedsleden, sawol links as rjochts, betwivelen de wierheid dêrfan. Hja murken op dat Friezen in soad lof krigen yn harren stribjen en dat wurkjouwers yn Hollân Frysk personiel prevalearren boppe wurkkrêften út eigen gebiet. Hoekstra reagearre dêrop mei te sizzen dat it útmeitsjen foar separatisten in fingerwizing wie. De goeie namme fan de Friezen wie oantaast troch de aktiviteiten fan dyselden dy’t de Fryske saak op ’e spits dreaun hiene. Ien fan dy ûnderwizers wie in Stellingwerver en dy hie beweard dat er gjin Fries wie, mar dat hie neat jûn. “Jo wenje yn Fryslân en dêrom kinne we jo net brûke. Dit moat foar ús in warskôging wêze”, sei Hoekstra ta beslút. (Der waard net sein wêr’t dat bard wie!)

Postsegel, yn 1981 by de 30-jierrige betinking Kneppelfreed útbrocht troch Stedspost Stynsgea. Net erkend, mar by kontrôle der wolris troch glûpt.

Hoekstra krige stipe fan boargemaster Bontekoe fan Eaststellingwerf. Yn de Nieuwe Ooststellingwerver skreau dy: “Dit Friese streven vormt een belemmering voor nieuwe bedrijven om zich in Fryslân te vestigen.” It Frysk op de skoallen soe ek in opkear wêze, en Fryske plak- en strjitnammen ek. Nei oanlieding dêrfan nûge Fedde Schurer boargemaster Bontekoe foar in debat út, mar Bontekoe gie der net op yn.

No, santich jier letter is it mei it Frysk op de skoallen noch hieltiten net goed regele, der is gjin ynspekteur dy’t derop tasjocht. Wat de rjochtspraak oanbelanget, dêr rammelet it ek fan alle kanten. Rjochters dy’t it Frysk net fersteane, kinne troch tolk bystien wurde. Dy hawwe lykwols harren wurk dellein om’t hja in hegere fergoeding hawwe wolle. Wa’t syn rjocht siket, sil yn de rjochtseal op it Hollânsk oergean moatte.

Lutz Jacobi (foto Lex Draijer, boarne Wikimedia Commons, CC BY-SA 2.0)

Nije folksfertsjintwurdigers dy’t yn de Earste of Twadde keamer beëdige wurde meie de eed yn it Frysk ôflizze. By de ynhuldiging fan kening Willem Alexander, die Lutz Jacobi dat. De measte parlemintsleden seine: “Zo waarlijk helpe mij God almachtich’’ en “Dat beloof ik”, mar Lutz Jacobi sei: “Sa wier helpe my God almachtich, dat ûntjit ik.” Guon tahearders ferstiene: ‘Dat vertik ik’, mar dat waard gau de wrâld útholpen.

Jangerben Mulder

Boarnen: Heerenveense Koerier, Friese Koerier en Wikipedia.
maart 2, 2024 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.