Nuveraardige ferhalen oer Ymke Modder
Resint ferskynd
Ymke de Jong waard oan it begjin fan de tweintichste iuw berne oan de Koalboskwyk yn ’e Kompenije (Jobbegea). Syn âlden wiene Wieger en Janke de Jong. Hy waard altyd Ymke Modder neamd. Wêr’t er dy bynamme oan te tankjen hie is net bekend. Ymke wie in aparte frijbûtser; it ferhaal gie dat er gûchelje en bûksprekke koe.

De Koalboskwyk yn Jobbegea
Hjir folgje wat fan de fiten dy’t er úthelle hat.
Oan de Gordyksterwei stie yn dy tiid it kafee fan H. Boerstra, dat letter troch Durk Boek oernommen is. Op in kear stuts Ymke dêr oan en kocht in pear slokjes. Doe’t er wer fuort soe sei er tsjin de kroechbaas: “Ik woe wol in heal fleske jenever mei ha.” Hy krige it, stuts it yn ’e bûse en sei tsjin de baas: “Ik sil dy letter wol betelje.”
“Gjin sprake fan,” sei Boerstra, “do stiest al fierstente folle by my yn it kryt en do betellest nea.”
“Ek goed”, andere Ymke, joech him it fleske werom en rûn tagelyk de doar út. Mar doe’t Boerstra it fleske goed beseach, sei er: “No hat dy bliksemse smycht my dochs noch te fiter.” Ymke hie yn ’t foar in gelikens fleske mei wetter yn de binnenbûse dien en dat hie er Boerstra jûn.

Kafee Boerstra
Yn Koatstertille wurke Ymke ris as boerefeint. Op in moarn yn de hjerst soe er der mei de boer op út om gers op te heljen. De boer woe de hynders ophelje út it kampke lân efter de pleats en die alle war om de hynders te pakken te krijen, mar dat slagge net. Hy rôp Ymke derby en frege: “Bisto safolle mânsk om dy hynders te fangen?”
“Dat tocht ik wol boer”, wie Ymke syn beskied en hy rûn nei de hikke, die him iepen, floite efkes en dêr kamen de hynders al oandraven. Se rûnen efter him oan as wiene it hûntsjes.
Middeis gie it op in ierappelsykjen. De faam, dy’t wolris wat bluisterich en oerdwealsk wie, wurke ek mei. Op in kear goaide hja Ymke in rottige ierappel yn ’e nekke.
“Ik krij dy wol wer”, sei er, “wachtsje mar.” Dyselde jûns sieten se gear oer in miel mei de nije ierappels. De faam stuts de foarke yn in moaie, sa’t it like geve ierappel, biet deryn en begûn te kokhalzjen, it wie in rottigen ien.
Under tsjinst gie it bytiden ek mâl mei Ymke. It like soms as koe er tsjoene. In soldaat dy’t him de gek oanstuts, besoarge er sa’n jokte dat dy himsels de klean sawat fan it liif skuorde, in keunstke dat er wol gauris tapaste.
As Ymke in royale bui hie, traktearre er de soldaten en skonk er harren jenever, brandewyn en konjak yn, allegearre út deselde flesse. Op in kear prate er mei syn maten ôf, hja soene dy jûns allegearre in faam sjen te krijen. Ymke hie in steil wurd, hy soe mei de moaiste frou fan de stêd út. Dat like syn maten raar ta, want sa kreas wie Ymke net. Mar doe’t der in deftige dame foarby kaam, preuvele Ymke in stikmannich wurden dy’t gjinien ferstean koe en fuortendaliks kaam it frommes op him ôf en sloech him de earms om 0e nekke. It wie de dochter fan de pelotonskommandant, fertelde Ymke letter.
Ek as strjitartyst helle er bytiden frjemde fiten út. Hy stie ris op de Gordykster merk as gûcheler en naam dêr in plysjeman foar it lapke. Dat siet sa: hy krige wat wurden mei dy plysje. Hy sei: “Ik jou neat om dy; ik kin dy wol sa stean litte datst gjin foet mear fersette kinst.” De plysje gnyske wat, mar doe’t er fierder rinne woe koe er gjin stap fersette. Doe skrok er him wyld en koe gjin wurd mear útbringe. Doe’t Ymke dat seach sei er: “Meitsje no mar datst fuortkomst, oars lit ik dy hjir de hiele dei stean.”
Hy koe ek wol ûnder in soad hilariteit by de minsken de froulju de rok ôfsakje litte. Op ’e Sweach liet er ris in koets mei twa hynders derfoar, dêr’t in deftich hearskip mei syn frou yn siet, stilstean. De koetsier koe dwaan wat er woe, mar de hynders fersetten net in stap mear. Hy waard kûgels en grypte nei de swipe. Doe sei Ymke: “Fuort” en de hynders giene wer fierder.
Der wenne yn dy tiid wol mear nuveraardich folk by de Koalboskwyk. Oan de iene kant fan de wyk wenne in húshâlding dy’t it wat it jild oanbelange, net al te rom hie. Dy lju hiene sadwaande de namme krigen fan minne betellers. Dêr foaroer, oan de oare kant fan de wyk, wenne in húshâlding fan minsken dy’t allegearre minne eagen hiene en in bril droegen mei glêzen as jampotsjes. As dy seagen dat de winkelman by de buorlju oan ’e doar kaam, spilen se de plaat Wie zal dat betalen op de âlde grammofoan mei opwynfear en slinger. It andert liet net lang op him wachtsje en oan de oare kant fan de wyk spilen se: Als ik naar je blinde oogen kijk.
Dizze ferhalen (optekene troch A.A. Jaarsma) stiene yn it begjin fan de fyftiger jierren iuw yn de Heerenveense Koerier.
Jangerben Mulder






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje