Meslânzer Woardeboek presintearre

maart 26, 2024 08:15

Boarne: Fryske Akademy

Neidat der jierren oan wurke is, koe einlings in wurdboek fan it dialekt fan Midslân op Skylge presintearre wurde. Dat wie op tongersdei 14 maart yn Het Wapen van Terschelling yn Meslâns, sa’t Midslân lokaal neamd wurdt.

Skylge is dialektologysk in apart gefal. West-Skylge en de eastlike doarpen binne fanâlds Frysktalich, al is dat dan ek in Frysk dat slim fan dat op ‘e fêste wâl ôfwykt. Boppedat ferskille it Westers en it Aasters ek noch wer faninoar. Dêrtuskenyn wurdt der yn Midslân en byhearrende doarpen en buorskippen in taal praat dy’t heart by de Nederlânsk-Fryske mingdialekten lykas it Stedsfrysk, it Biltsk en it Amelânsk. Binnen dat gehiel hat it Meslânzers in eigen karakter. Sa wurde de begjinlûden g- en sk- op syn Nederlânsk útsprutsen, oars lykop mei de útspraak yn it Westers en Aasters. Bysûnder is ek dat de saneamde einûntstimming faak mist. Sa wurdt it wurd ‘brief’ as briiv yndied mei in v-lûd útsprutsen.

Eigen wurden
Fierders hat it Meslânzers in grut tal hiel eigen wurden. Dy binne yn it wurdboekpart fan sa’n 150 siden byinoarbrocht. Se binne troch in yndeks ek oer it Nederlansk op it spoar te kommen. It boek, dat mei-inoar 286 siden telt, hat njonken in ynlieding ek in oersjoch fan útspraak en grammatika.

Siebren Dyk (foto: Fryske Akademy)

Oan it wurdboek is sûnt 2008 wurke troch Triny Martens, Gettje Pals, Nel Swart en Piet Smit, mei de stipe fan in klankboerdploech fan dialektsprekkers. In fiif jier lyn krigen se ek de help fan de doe krekt pensjonearre taalkundige/leksikograaf Siebren Dyk. De âld-meiwurker – en hjoeddeisk gastûndersiker – fan de Fryske Akademy soarge dat de oarspronklike wurdlisten yn in wurdboekformaat oerbrocht waarden, en hy rette ek mei it grammatikale part.

It Meslânzer Woardeboek wurdt útjûn troch de Afûk, as nûmer 1142 fan ‘e Fryske Akademy en as diel 14 yn ‘e Rige Fryske Dialektstúdzjes. De priis is € 29,90. ISBN: 978-94-93318-25-0.

maart 26, 2024 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.