Frysk op identiteitskaarten

maart 25, 2024 15:40

Oer in jier of wat komt der in nije wet dêr’t alles oangeande identiteitskaarten yn regele wurdt. Dat soe in gaadlike gelegenheid wurde om dêr de twadde rykstaal ek op te krijen. Deputearre Eke Folkerts (BBB), dy’t taal yn har portfúlje hat, siket nei mooglikheden.

Boarne: Ryksoerheid

De Fryske Nasjonale Partij hat dêr fragen oer steld. Kin it Frysk net op paspoarten en rydbewizen? Dat soe de provinsje wol wolle, mar de wet lit dat op it stuit net ta, sei de deputearre. “Yn de nije wet foar paspoarten wurdt alles gewoan ien-op-ien oerset, dêr is no neat mei mooglik. Mar by de identiteitskaarten is dy romte der miskien wol.” Dêr sil se efteroan.

De nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer wurdt op it stuit taret. Provinsje en regear binne noch yn ûnderhanneling. Faaks dat dêr mooglikheden lizze.

Dinie Visser, Steatelid foar de FNP: “Dit is wol ít momint om it wer op de kaart te setten. Eins is it beskamsum. Nederlân is twatalich, mar der moat hiel hurd oan lutsen wurde. Wy binne der al sûnt 2019 drok mei dwaande.” Se is fan betinken dat yn it ramt fan in lykweardige behanneling fan de beide rykstalen it fansels is dat op identiteitsbewizen de twadde rykstaal ek foarkomt.

maart 25, 2024 15:40
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 maart 26, 20:40

    Wêrom hearre wy de RfdFB hjir noait oer?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.