Bertus Jans Postma (93) ferstoarn
Resint ferskynd

Bertus Jans Postma 1929-2023 (boarne: Jongfryske Mienskip)
Bertus Jans Postma fan Bitgummole, earelid fan de Jongfryske Mienskip, is freedtemoarn 6 jannewaris hommels ferstoarn yn ’e âldens fan 93 jier.
Aant Jelle Soepboer, FNP-wethâlder yn Noardeast-Fryslân, skriuwt op Facebook dat Fryslân in taalstrider ferlern is. Wêr’t wat om it Frysk te dwaan wie, wie Bertus, skreau er stikken en kaam er yn eigen persoan om yn te sprekken. Soepboer skriuwt dat Postma sels mei rolstoel en al by steile treppen opsjoud waard sadat er derby wêze koe. Doe’t de Fryske plaknammen yn Noardeast-Fryslân yn eare werombrocht waarden, wie Postma suver emosjoneel.
De Jongfryske Mienskip skriuwt op Facebook dat Fryslân ien fan syn meast tawijde soannen ferlern hat. Postma wie sûnt 1950 lid fan de Jongfryske Mienskip. Yn ’e ôfrûne desennia hat Postma him tige warber foar Frysktalige wetter-, doarps-, steds- en gemeentenammen ynset. De kroan op syn wurk wie it ynfieren fan Frysktalige wetternammen yn 2007. Yn 2019 waard er útroppen ta earelid fan de Jongfryske Mienskip. Kommissaris fan de Kening Arno Brok spjelde Postma de Jongfryske earespjelde op en spruts by dy gelegenheid wurden fan wurdearring foar de striid fan it earelid.
In geweldige man, Bertus Jans Postma. Yn myn tiid as CDA-Steatelid, wie ik û.ô. wurdfierder fan/foar it befoarderjen fan it Frysk. Ek haw ik aardich wat jierren foarsitter west fan de BMD (Brede Maatskiplike Dialooch / doe noch Diskusje). Sawol as doetiids steatelid en as foarsitter fan de BMD, krige ik mannich stimulearjend briefke en/of mailtsje fan Postma.
Net sa lang lyn – ik leau oktober 2022 – skreaude ik nachts om ien oere op Facebook, eat oer it fersterkjen fan it behâld fan ús Fryske taal. Hy reagearre fuortendalik en hy stipe myn opsjes. Bertus einige mei: “In no op bêd”. Dit lit sjen dat Bertus Jans ta oant jûns let warber wie en alles yn de gaten hâlde, wat it Frysk oanbelanget. In echten ien foar it Frysk!! Tank!