Zilt, meartalige streekomrop foar noardwestlik Fryslân
Resint ferskynd
Fan hjoed ôf hat noardwestlik Fryslân in nije streekomrop. Dat is Zilt, in mediaplatfoarm foar radio, fideo en ynternet. It giet om it gearwurkjen tusken Radio Eenhoorn, Omroep RSH en Omroep Lennard. De nije omrop sil omtinken jaan oan it lokale nijs yn de njoggen (streek)talen yn Waadhoeke, Harns, Skylge en Flylân.
Lokale radio begûn as reaksje op de radiopiraterij yn de sechtiger en santiger jierren fan de foarige iuw. Oerheidstsjinsten hiene lêst fan yllegale stjoerders. Dat wie fan dy gefolgen dat lokale omroppen tastien waarden, mar net mear as ien yn in gemeente. Sûnt is de rol fan lokale omroppen feroare en troch weryndielingen binne der minder, mar gruttere gemeenten ûntstien. De lokale omroppen moatte alle dagen nijs bringe, sawol oer de radio as online en op telefyzje. Se moatte har rjochtsje op serieuze lokale sjoernalistyk.
It nijsplatfoarm Omrop Zilt bringt nijs en eftergrûnen op omroepzilt.nl, de Omroep Zilt apps, sosjale media en platfoarms lykas YouTube en Spotify.
Eenhoorn- en RSH-foarsitter Tinus Boomstra: “Foar radioharkers feroaret der net safolle. Radio Eenhoorn en Omroep RSH geane troch sa’t se al jierren dogge, mar we yntegrearje wol hieltyd mear en skielk komme de radiostjoerders ûnder ien flagge út. Dy fan Omrop Zilt.”
Op it mêd fan lokale oproppen is Omrop Zilt, nei RTV NOF en LEO Middelsé, de tredde lokale gearwurkingsfoarm yn Fryslân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje