Tsjerk Hiddes hjoed 400 jier lyn berne
Resint ferskynd
Der is net in protte omtinken foar, mar de ferneamde Fryske seeheld Tsjerk Hiddes de Vries waard hjoed presys 400 jier lyn berne. Tsjerk Hiddes, sa’t er meastentiids koartwei oantsjutten wurdt, kin beskôge wurde as de foarnaamste floatfâld fan Fryslân. Troch syn krigele optreden yn de Twadde Ingelsk-Nederlânske Oarloch (1665-1667) waard er befoardere ta luitenant-admiraal. Mar hy oerlibbe dy oarloch net.
Der binne in protte strjitten en in tal marinefregatten nei him neamd. En fansels de Tsjerk Hiddesslûzen by Harns. Yn Harns stiet ek in grut monumint.







Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje