Suksesfol ljocht- en lûdsspektakel komt fergees werom nei Ljouwert

augustus 14, 2022 08:41

Maria Louise was here komt werom. Fan 15 septimber o/m 5 novimber 2022 presintearret it Prinsessehof yn Ljouwert opnij de suksesfolle Son et lumière. Yn ’e neisimmer skowe besikers acht wykeinen lang fergees oan yn de prachtich útljochte paleistún, dêr’t fideoprojeksjes en meislepende muzyk byinoar komme yn in bysûnder ljochtspektakel. De foarstellingen binne alle tongersdeis, freeds en sneons om 20.00 oere te sjen en se duorje allegearre likernôch tweintich minuten. Kaarten binne no alfêst te reservearjen. Sjoch foar mear ynformaasje op princessehof.nl/marialouisewashere.

Foto: Ruben van Vliet

Son et lumière
It ljocht- en lûdsspektakel yn ’e tún fan it Prinsessehof omfettet fideoprojeksjes op ’e gevel fan it stedspaleis, in spesjaal komponearre muzykstik en bysûndere beljochting fan de tún. Maria Louise was here sketst in modern portret fan in sterke frou yn in troch manlju dominearre wrâld. Maria Louise van Hessen-Kassel, Prinsesse fan Oranje-Nassau (1688-1765), foarâlder fan Kening Willem-Alexander. It is de twadde kear dat it Prinsessehof it spektakel organisearret. Yn ’e earste edysje fan 2021 wiene alle foarstellingen útferkocht. Diskear is de Son et lumière folslein fergees. It wurdt oanret om fia ynternet kaarten te reservearjen fia princessehof.nl/tickets.

It stik waard regisearre troch teatermakker Jos van Kan. Tegearre mei mediakeunstner Frouke ten Velden joech er it projekt op poëtyske en prikeljende wize foarm. Dêrby waard tûk gebrûk makke fan de arsjitektuer fan it Prinsessehof. Maria Louise wurdt fertolke troch aktrise Ariane Schluter, twafâldich winneres fan de prestisjeuze Theo d’Or-toanielpriis (2003, 2004). Remko Smids fersoarge de technyske produksje en it lûdsûntwerp.

Foto: Ruben van Vliet

Stammem fan it keningshûs
Maria Louise van Hessen-Kassel, prinsesse fan Oranje-Nassau waard berne yn 1688. Op har 21e boaske se mei Johan Willem Friso van Nassau-Dietz, stedhâlder fan Fryslân en Grinslân en prins fan Oranje. Doe’t er yn 1711 ûnferwachte ferstoar, waard de heechswiere Maria Louise al op har 23e ferantwurdlik foar it fuortbestean fan de Oranjedynasty. Tweintich jier lang naam se as regintesse de stedhâlderlike taken oer, oant harren soan folwoeksen wie. Doe’t se har taak as regintesse folbrocht hie, ferhuze se nei har stedspaleis, it Prinsessehof.

Mei dy sterke dame oan it roer groeide de ynfloed fan de Fryske Nassaus. Op dat fûnemint waard yn 1813 it Nederlânske keningshûs boud. De hjoeddeiske Nederlânske kening, Willem-Alexander, stamt streekrjocht fan har ôf. Se stie ek oan ’e widze fan hast alle Europeeske keningshuzen. Yn Maria Louise was here moetsje besikers de prinsesse as se nei it Prinsessehof ferhuzet. Poëtyske fideoprojeksjes, ljocht en muzyk bringe har op de gevels fan har eigen paleis ta libben.

Noard-Nederlânsk Orkest
Spesjaal foar de foarstelling komponearre Max Knigge in muzykstik dat útfierd en opnommen is troch it Noard-Nederlânsk Orkest. De komposysje is spesjaal foar 29 musisy fan it NNO skreaun om dy binnen de doe jildende koroanaregels opnimme te kinnen. It stik wurdt as meislepende audio-ûnderfining yn ’e tún presintearre.

augustus 14, 2022 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.