It favorite keunstwurk fan de konservator
Resint ferskynd
De eksposysje Living the Landscape – Barbara Hepworth, Ben Nicholson en de keunstners fan St. Ives 1939-1975 waard gearstald troch gastkonservator Feico Hoekstra. De útstalling is oant en mei 25 septimber 2022 yn Museum Belvédère yn Oranjewâld te sjen.

Peter Lanyon, ‘Soaring Flight’, 1960, Arts Council Collection, Southbank Centre (©Estate of Peter Lanyon)
Op de webside fan Museumtijdschrift fertelt Hoekstra oer syn favorite wurk út dy útstalling. Hy hat in fassinaasje foar Peter Lanyons sensaasje fan fleanen mei in sweeffleantúch. “Peter Lanyon (1918-1964) beskôgje ik as de wichtichste Ingelske lânskipsskilder fan nei 1945. Lânskip gie foar him net oer wat men oan de kime sjocht. Hy woe ek ek de lokale skiednis en syn persoanlik belibjen ferbyldzje: ‘While I am moving about the country here, with all this history under foot, I find the sky on my back as I climb the hills and the sea behind me, then at my side, and it becomes the same thing in my painting.’
‘Soaring Flight’ út 1960 ferbyldet de sensaasje fan fleanen mei in sweeffleantúch: yn ’e midden in licht hellende hoarizon, loftsboppe in blauwe line dy’t omheechgiet en dan ynienen nei ûnderen dûkt, dêrûnder in alaarmearjend reade stripe, oan ’e rjochterkant in blau waas dat it sicht behinderet. As sjogger krij ik it der benaud fan, foaral as ik wit dat Lanyon yn 1964 ferstoar nei’t er mei syn fleantúch delstoart wie.”
Sjoch op www.museumbelvedere.nl foar mear ynformaasje oer de útstalling Living the Landscape.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje