Frysklearders prate de taal net faak

augustus 17, 2022 23:33
Foto: Praat mar Frysk

Minsken dy’t in kursus Frysk by de Afûk folge hawwe of as folwoeksene op in oare wize de taal leard hawwe, prate de taal net faak. Se binne bang om flaters te meitsjen of de Friezen ferbrekke harren en de mienskiplike taal fan it petear wurdt it Hollânsk. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Fryske Akademy en de Afûk.

Neffens Mirjam Vellinga, dy’t by it ûndersyk behelle wie, leit it foar in part oan de Friezen: “As nije sprekker moatst hiel faak oanjaan datst it just leare en brûke wolst. En dêr ha je net altyd nocht oan.” Hja seit dat it faak as ‘fetsoenlik’ field wurdt om jin as Frysktalige te ferbrekken.

Neffens frou Vellinga soe it ek goed wêze as de Friezen de Frysklearders mear oanmoedigje en minder útlaitsje soene, want dat lêste bart ek wol as se flaters meitsje of in wat ôfwikende útspraak hawwe.

Om’t der in protte nijkommelingen yn Fryslân binne en der hieltyd mear by komme, is it foar it behâld en de tierichheid fan it Frysk wichtich dat de Frysklearders dy taal yn it deistich libben ek gewoan brûke, oars wurdt Fryslân de kommende jierren in stik minder Frysk- en mear Hollânsktalich. De Fryske Akademy en de Afûk sille dêrom neigean wat makket dat nijkommelingen wol de drompel oer stappe om Frysk te praten.

augustus 17, 2022 23:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.