Fryske keunstners krije strjitnamme yn Skoatterwâld

augustus 12, 2022 09:58

Op It Hearrenfean binne de nammen fan tsien nije strjitten yn it noardeastlike part fan de wenwyk Skoatterwâld bekend makke. Se ferwize nei de eardere ferfeaning fan dat gebiet en nei de Fryske keunst.

boarne: Google My Maps

De wykried en de Stichting Historie Heerenveen hawwe meipraat oer de kar fan de nammen. Omdat de wyk fuort njonken Museum Belvédère leit, frege de wykried oft it museum ek nammen oandrage mocht. Dat wie fan dy gefolgen dat acht fan de tsien strjitten nei Fryske keunstners neamd wurde. De nammen fan Gerrit Benner, Ids Wiersma, Harmen Abma, Willem van Althuis en Boele Bregman wurde ferbûn oan in wei.

Neffens de nijsbrief fan Museum Belvédère komt der ‘weg’ efter de nammen fan de keunstners te stean, mar wa wit wurdt der by it definityf fêststellen fan de strjitnammen troch de polityk noch foar pleite om der yn dit gefal (Fryske keunstners yn in wyk mei in Fryske namme) ‘wei’ fan te meitsjen.

augustus 12, 2022 09:58
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Gauke augustus 12, 18:14

    Der hie fansels al de oaspraak lizze moatten dat nije strjitten Fryske nammen krije, sa as bygelyks yn Achtkarspelen it gefal is.

  2. Cor Jousma foar de Topografyske Wurkgroep Fryslân augustus 13, 19:22

    Bêste Gauke,

    Wat let jo en skriuw in briefke of email oan de riedsleden.
    Ien berjochtsje oan de griffier fan de ried en it is ynoarder.

  3. Gauke augustus 15, 15:23

    Cor, ik ben gjin ynwenner fan de gemeente. Mar it soe fansels nuver wêze as de gemeente yn set op it Frysk om dernei gewoan wer strjitnammen yn it Hollânsk te pleatsen. Dat is dweilje mei de kraan iepen.

    Minsken kleie gauris dat it Frysk jild kostet, mar dat is omdat it oan de foarkant amper goed regele is. En oanpassingen dan wer jild kostje. (Dizze) stjitnammen kostje neat ekstra as se fuort yn it Frysk fêststeld wurde. As sokke simpele saken al net standert binne wurd it wol hiel lestich foar it Frysk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.