Frysk Museum organisearret fergees midsiuwsk festival

augustus 6, 2022 10:41

Men kin jinsels folslein yn de midsiuwen wane by de fergeze iepening fan Frijheid, Fjochterij en Fagefjoer. Op sneon 10 septimber wurdt de útstalling hielendal yn styl iepene mei in feestlik programma foar jong en âld. Besikers kinne midsiuwsk bier priuwe of sels oan ’e slach gean mei ien fan de ambachtlike wurkateliers. De publikaasje oer de útstalling wurdt lansearre en der binne koarte kolleezjes troch konservator Diana Spiekhout en histoarikus Bert Looper. Krekt as de yntree binne ek alle aktiviteiten fergees. Oanmelde kin fia www.friesmuseum.nl/openingvvv. Fol is fol.

Foto: David Vroom

Op sneon 10 septimber is de nagelnije útstalling fan it Frysk Museum foar it earst te sjen. Om dy reden wurdt it museum foar ien dei omtsjoend ta in midsiuwsk festivalterrein. Besikers kinne de hiele dei genietsje fan midsiuwske muzyk troch De Blauwe Schuyt en oanskowe by ien fan de wurkateliers om te ûntdekken hokker midsiuwsk ambacht it bêste by harren past. Se kinne sels de útstalling besjen of fan 12.30 oant 13.30 oere mei in rûnlieding meirinne. Fan 13.00 oant 14.30 oere kinne se de djipte yn dûke mei de boeklansearring fan de publikaasje by de ústalling, en twa koarte kolleezjes troch Diana Spiekhout en histoarikus Bert Looper folgje. Fan 13.00 oere ôf kin men yn ’e kunde komme mei de smaak fan midsiuwsk bier mei in bierpriuwerij troch Grutte Pier Brouwerij. Spesjaal foar de útstalling broude dy in boer mei grút, it midsiuwsk alternatyf foar hop.

De midsiuwen yn it Noarden
Fan 10 septimber 2022 oant en mei 7 maaie 2023 presintearret it Frysk Museum Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer: de midsiuwen yn it Noarden. De útstalling toant nije wittenskiplike ynsjoggen oer de mienskip yn it noarden yn de folle en lette midsiuwen. It Fryslân fan doe (Tota Frisia) struts him út fan de hjoeddeiske provinsje Fryslân oant de Wezer yn it East-Fryslân yn Dútslân. Yn tsjinstelling ta oare plakken yn Europa bestjoerden de Friezen harsels, keazen se harren eigen rjochters, hiene se in eigen taal en in eigen karakteristike styl fan klaaien. Oan ’e hân fan de rike archeologyske kolleksje midsiuwske foarwerpen fan it Frysk Museum, oanfolle mei (ynter)nasjonale brûklienen, komt de eigensinnige, ferdwûne wrâld fan Fryslân tusken 1067-1567 ta libben.

Boekpresintaasje
By de publyksiepening wurdt ek it boek by de útstalling lansearre. Yn de ryk yllustrearre publikaasje wurdt de nijsgjirrige wrâld fan it midsiuwske Fryslan rekonstruearre oan ’e hân fan de nijste wittenskiplike ynsjoggen. Mei bydragen fan Rolf H. Bremmer, Casper J. van Dijk, Egge Knol, Grytsje Klijnstra, Sonja König, Stefan Krabath, Bert Looper, Anneke B. Mulder-Bakker, Han Nijdam, Jeroen Punt, Antje Sander, Mans Schepers, Theo Spek, Diana Spiekhout en Marvin Wiegand. Vrijheid, Vetes en Vagevuur. De middeleeuwen in het Noorden wurdt yn gearwurking mei Noordboek | HL Books útjûn en kostet € 29,90. De presintaasje is om 13.00 oere yn ’e teaterseal.

augustus 6, 2022 10:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.