Fraachpetear mei Feico Hoekstra en Christiaan Kuitwaard oer harren reis nei Cornwall

augustus 30, 2022 08:41 Fernijd

Yn ’e maitiid fan 2022 reizge Feico Hoekstra, gastkurator en gearstaller fan de útstalling Living the Landscape – Barbara Hepworth, Ben Nicholson en de keunstners fan St. Ives 1939-1975 mei keunstner Christiaan Kuitwaard nei Cornwall as tarieding op dy ynternasjonale útstalling (o/m 25 septimber yn Museum Belvédère te sjen). Kuitwaard, altyd nijsgjirrich nei ûnbekende lânskippen om te skilderjen, makke yn Cornwall ferskate stúdzjes yn oaljeferve, dêr’t in seleksje fan yn it museum toand wurdt.

Boarne: Museum Belvédère

Op moandei 12 septimber sille Feico Hoekstra en Christiaan Kuitwaard yn in fraachpetear djipper yngean op harren bysûndere reis troch it ûnoantaaste lânskip fan St. Ives en wat it mei harren en mei de ferskate keunstners fan Living the Landscape die.

Op ’e aginda
Fraachpetear mei Feico Hoekstra en Christiaan Kuitwaard
Moandei 12 septimber 2022 yn Museum Belvédère, It Hearrenfean.
Ynrin: tusken 10.00 – 10.30 oere, mei kofje en tee en wat lekkers
Fraachpetear: 10.30 – 12.00 oere

Dêrnei is der gelegenheid om de eksposysje te besjen en om fragen te stellen. Oanslutend is der in middeismiel yn it Museumkafee. Ein is om 13.30 oere.

Kosten:
Reguliere yntree: € 40,-
Freonen fan Museum Belvédère: € 25,-
Oanmelde kin fia de webwinkel fan it museum troch in kaartsje te keapjen.

Feico Hoekstra (boarne: Museum Belvédère)

Foarpriuwke
Yn Museumtydskrift fertelt Feico Hoekstra oer syn favorite wurk út de útstalling, Peter Lanyon’s Soaring Flight, út 1960, dêr’t Lanyon de sensaasje fan fleanen mei in sweeffleantúch by ferbyldet (klik hjir) of lês it artikel yn de Volkskrant dêr’t sjoernalist Stefan Kuiper it wurk ‘11 november 1947 (Mousehole)’ fan Ben Nicholson yn besprekt (klik hjir).

Fanwege it beheinde tal beskikbere plakken wurdt oanret om by belangstelling sa gau mooglik te reservearjen. Oanmelde foar it fraachpetear kin fia dizze link.

Feico Hoekstra
As freelance útstallingsmakker en skriuwer oer keunst wurket Feico Hoekstra (1967) foar ferskate Nederlânske musea, ûnder mear foar Museum De Fundatie yn Swol, Museum MORE yn Gorssel en Beelden aan Zee yn De Haach. Hy makke útstallingen en publikaasjes oer ûnder oaren William Turner, Jan Voerman, Alberto Giacometti, Paul Citroen, Euan Uglow, Germaine Richier en Elisabeth Frink.

Christiaan Kuitwaard (boarne: Museum Belvédère)

Christiaan Kuitwaard
It wurk fan Christiaan Kuitwaard (1965) ûnderskiedt him troch in subtyl gefoel foar ljocht, atmosfear en romte. Yn syn skilderijen beheint er him meastal ta nuânses fan ien kleur en binne details en bykomstichheden weilitten.

Syn wurk is fertsjintwurdige op ferskate lanlike poadia, lykas it Frysk Museum yn Ljouwert, Museum De Fundatie yn Swol, Museum MORE yn Gorssel en Museum Belvédère op It Hearrenfean.

augustus 30, 2022 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.