Acht winners fan Rely Jorritsmapriis 2022

augustus 2, 2022 15:23

Fjouwer ferhalen en fjouwer gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘De Dûns’ fan Wilco Berga (Harns), ‘De sjongende ridder’ fan Sjoerd Bottema (Weidum), ‘Skaakles’ fan Sipke de Schiffart (Ljouwert) en ‘Scapa Flow’ fan Geert Nauta (Wergea).
De winnende gedichten binne ‘Wy bin’ klaai’ fan Edwin de Groot (Aldehaske), ‘Vox Celeste’ fan Fedde Dijkstra (Ljouwert), ‘Biografy’ fan Elmar Kuiper (Jorwert) en ‘In Winter’ fan Minne Velstra (Ljouwert).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 74 ynstjoeringen ynkommen, te witten 42 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Rianne Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra. De prizen fan € 1.000 elk wurde op sneon 1 oktober útrikt yn it stedhûs fan Ljouwert.

augustus 2, 2022 15:23
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. joute de graaf augustus 4, 12:25

    Wat dy Rely-priis oangiet fyn ik it mar neat dat altyd wer deselde minsken in priis winne. It sil sûndermear de bêste ynstjoeringen wêze, mar de regleminten moatte sadanich oanpast wurde dat in priiswinner de earste 3 jier net wer ynstjoere meie. Miskien kinne se sels ek ris neitinke oer dizze gong fan saken?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.