800.000 besiten oan earste edysje Arcadia
Resint ferskynd
Sneintejûn waard de earste edysje fan de triënnale Arcadia ôfsletten by in drokbesite slotútfiering fan de swalkjende Bosk. De earste tellingen litte sjen dat de kultuerhûndertdeiske, dy’t fan 6 maaie oant en mei 14 augustus duorre en him op ferskate plakken yn Fryslân ôfspile, sa’n 800.000 besiten oplevere hat.

Foto: Ruben van Vliet
Tûzenen dielnimmers wurken mei oan de hast 200 artistike projekten. Ien fan de programmaûnderdielen, de keunsteksposysje Paradys yn Oranjewâld, is fanwege sukses mei twa wike ferlinge. De earstfolgjende edysje fan Arcadia stiet pland foar 2025.
Artistyk direkteur Sjoerd Bootsma sjocht tefreden werom op de earste edysje fan de kultuerhûndertdeiske. “As men it nijs en sosjale media leaut, dan libje we yn in wrâld dêr’t we rjocht foarinoar oer steane. Arcadia blykt in plak dêr’t minsken mei-inoar oer urginte maatskiplike ûnderwerpen yn petear geane. Wy hawwe bewust keazen foar in langduorjend evenemint, sadat minsken ek de romte krigen om sels mei te dwaan. Sa is it programma makke troch de Fryske mienskip, mei ynternasjonale keunstners en kultuermakkers. In protte ûnderfiningen krigen dêrtroch in yntym karakter mei ynternasjonale alluere.”
Nederlân hat mear Frysk nedich
Deputearre Sietske Poepjes slút har by Bootsma oan: “Arcadia hat sjen litten wêrom’t wy Fryslân ek wolris ‘it bêste lân fan d’ierde’ neame, mei hjir en dêr wat skerpe rântsjes. Nederlân hat mear Fryslân nedich.” Al yn 2018 sette de organisaasje fan Arcadia de regio op ’e kaart doe’t Ljouwert-Fryslân de titel ‘Kulturele Haadstêd fan Europa’ droech. Arcadia bout fierder op dat sukses.
Immie Jonkman, algemien direkteur Arcadia: “Arcadia is yn koroanatiid makke, wat foar de nedige útdagingen soarge. Ik bin tige bliid mei it moaie programma dat we mei in protte oerheden, skoallen, kulturele organisaasjes, it bedriuwslibben en oare partners delset hawwe. Wy hawwe mei ús allen echt wat yn beweging set en sjogge dernei út om dat fuort te setten yn de folgjende edysje fan 2025.”
Fanwege sukses ferlinge
Op ferskate plakken yn de provinsje wie mei Arcadia te genietsjen fan ûnder oare it bewegende keunstwurk Bosk yn Ljouwert, it nije poadiumkeunstefestival PAFFF en de foarstelling Under Wetter yn Wergea. Njonken Bosk wie fan fan de hichtepunten fan it evenemint it programmaûnderdiel Paradys dat talleaze minsken út binnen- en bûtenlân luts. “Dy keunsteksposysje fan nasjonaal en ynternasjonaal renomearre keunstners yn en om eardere bûtens, keninklike tunen en natuerskjintme, hawwe wy op fersyk fan in protte minsken oant en mei 28 augustus ferlinge”, fertelt Bootsma. De muzikale teaterfoarstelling Verdriet van de Zuiderzee en it mienskipsprojekt IIS rinne ek langer troch.
Oer Arcadia
Arcadia is in triënnale en wurdt organisearre troch deselde stifting dy’t ferantwurdlik wie foar de organisaasje fan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn hûndert dagen, fan 6 maaie oant en mei 14 augustus 2022, waarden keunstners, kultuermakkers en tinkers oeral yn Fryslân útnûge om mei harren wurk fragen te stellen oer wat it betsjut om in mienskip te wêzen yn in tiid fan feroaring. Arcadia giet oer de grutte fragen fan dizze tiid, de foarmjouwing fan ús eigen dreamde wrâld, goed foarâlderskip en de takomst fan Fryslân.
Partners Arcadia
It wiidweidige programma fan Arcadia wurdt mei foarme troch bydragen fan in protte kulturele organisaasjes, ûnderwiisynstellingen, bedriuwen en de Fryske mienskip. Dêrnjonken wurdt it mei mooglik makke troch ûnder mear partners Provinsje Fryslân, Gemeente Ljouwert, Groen Leven, Arriva, Univé, Gieskes Strijbisfûns en LOF.
Wat in moai ôfslutend parseberjocht. It earste wat yn jin opkomt: wa jildt as ‘besiker’ en hoe ha se dy ‘besikers’ teld? Net in ûnbelangrike fraach yn dizze tiid fan visitors equals subsidies. Lêze wy der dêrom neat oer?