Tsien plannen foar mear Frysk yn it Sealterlanner strjitbyld

july 27, 2022 22:14
Stephan Dannebaum, Henk Wolf, Wolter Jetten en Tido Specht presintearje de ideeën oan boargemaster Otto (midden)

Frysk wurdt net inkeld mar yn de provinsje Fryslân praat. Yn it westen fan Grinslân is ek in hoeke dêr’t Frysk praat wurdt. Fierder binne der twa Frysktalige streken yn Dútslân: Noard-Fryslân en Sealterlân. Yn dy lêstneamde regio, dy’t ek in gemeente is, is ferline wike in plan presintearre om it Frysk sichtberder te meitsjen op ‘e dyk.

It idee komt fan de Jongfryske Mienskip. De bestjoersleden Tido Specht en Wolter Jetten hawwe se op papier set. Hja krigen dêrby stipe fan Henk Wolf fan de Oldenburgische Landschaft en Stephan Dannebaum fan it Seelter Buund. Fjouweresom presintearren se de ideeën ferline wike oan de Sealterlanner boargemaster Thomas Otto.

De boargemaster wie wiis mei de útstellen, die er te witten. Wol wiisde er derop dat se net allegear maklik út te fieren binne, om’t foar guon tastimming fan ferskate oerheden nedich is. Ien idee sil er ynkoarten útfiere: op it gemeentehûs komt in nij boerd dat yn de twa talen Dútsk en Frysk ‘riedhûs’ oanjout.

Oare ideeën binne twatalige ferkearsbuorden, in Frysktalige aksje om stadich te riden deun by skoallen en Frysktalige nammen foar toeristyske attraksjes.

july 27, 2022 22:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.