Tresoar hat in eigen e-depot
Resint ferskynd
Mei yngong fan 1 july 2022 hat Tresoar yn Ljouwert in eigen e-depot om oerheidsynstellingen – en mei de tiid ek bedriuwen, ferieningen en partikulieren – mei te fasilitearjen yn it behâlden, brûken en rieplachtsjen fan digitale en digitalisearre ynformaasje.
Der is in oerienkomst sletten mei Preservica, in Britske organisaasje dy’t software leveret oan erfgoedynstellingen en oerheden oer de hiele wrâld. It systeem is goed trochûntwikkele en wrâldwiid yn gebrûk. Preservica set yn op ynnovaasje, sadat Tresoar mei dit pakket de ûntwikkelingen op it mêd fan digitale duorsumheid fierder stal jaan kin. De fleksibiliteit fan it pakket jout mooglikheden foar likegoed lokale oerheden as histoaryske ferieningen en oare kultureelerfgoedynstellingen om ynformaasje digitaal duorsum te bewarjen. It systeem makket it mooglik om de Fryske taal ta te passen.
Sichtber mei duorsum opslachplak
Tresoar moat ynformaasje op ferskillende nivo’s fan iepenbierheid duorsum bewarje en foar in breed publyk beskikber stelle. De e-depotfoarsjenning is derop rjochte om argyfmateriaal op lange termyn tagonklik, sichtber en begryplik te hâlden, sels as de oarspronklike technology ferâldere rekket. Op dy wize wol Tresoar ynspylje kinne op ûntwikkelingen as de Wet Open Overheid en de Archiefwet. It e-depot is tagonklik fia in webside dy’t de ynformaasje op ferskillende manieren presintearje kin.
Leare en ûntwikkelje
Yn de kommende moannen wurdt it e-depot ymplemintearre. It proses fan oerbringing is al ynrjochte. Sadree’t it folslein ynrjochte is, kinne minsken it fan harren eigen kompjûter ôf rieplachtsje. It hinget lykwols fan de iepenbierheid fan de ynformaasje ôf wat der te sjen wêze sil. Der sille dus ferskillende autorisaasjes wêze as it giet om it rieplachtsjen fan materiaal.
Mei it nije digitale argyfbewarplak rjochtet Tresoar him de kommende twa jier op de fierdere trochûntwikkeling fan de fyzje en produkte- en tsjinstekatalogus. Dat docht Tresoar mei gemeenten en Provinsje Fryslân. Leare en ûntwikkelje stiet dêr sintraal by. Mei it nije e-depot jout Tresoar foarm oan de ambysje om ferline en no te ferbinen oan de takomst, sadat ynformaasje foar elkenien digitaal tagonklik wurdt én bliuwt.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje