Skielk nei ferwachting te min trijetalige skoallen
Resint ferskynd

It liket derop dat it de provinsje net slagget om foldwaande skoallen derta te bewegen trijetalich te wurden. Dat skriuwt it Frysk Deiblêd. De provinsje hie himsels ta doel steld dat ein 2023 tritich persint fan de basisskoallen yn Fryslân de talen Frysk, Nederlânsk en Ingelsk alle trije as ynstruksjetaal brûkt. Dat ûnderwiismodel is yn de jierren njoggentich opset troch Jehannes Ytsma fan de Fryske Akademy. De skoallen dogge it goed en de leararen kinne har taalfeardigens fergrutsje troch bylearkursussen fan hegeskoalle NHL Stenden. Likegoed stûket de groei: likernoch tweintich persint fan de skoallen is no trijetalich.
It is net de earste misrekken fan de provinsje. Dy ferwachte yn 2005 by it fêstellen fan nije, legere kearndoelen foar it fak Frysk ek dat skoallen folle mear wurk meitsje soene fan de kwaliteit, dy’t doe fierste leech wie. Dy ferwachting is net útkommen. Oft de ferwachting útkomt dat yn 2030 alle skoallen wol de kearndoelen helje, is ek de fraach.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje