Ferhaleprojekt ‘Utsteld gelok’ yn pastorijtún yn Blauhús

july 2, 2022 13:32

Pastorijtún Blauhús

Freed 8 july is yn de pastorijtún yn Blauhús in ferhaal fan it ferhaleprojekt Utsteld gelok fan Ljouwert UNESCO City of Literature te beharkjen. Ferteller Ate de Jong lêst dêr it ferhaal ‘Fantasie van een druppel’ fan Shamal A Hussein foar, yn it Nederlânsk.

Alle hûndert dagen fan kultureel programma Arcadia soarget Ljouwert UNESCO City of Literature mei Utsteld gelok foar in nij, live foarlêzen ferhaal op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân. De reade tried: de syktocht nei skjintme yn en nei de pandemy.

Wat jout ús moed, hokker siedsjes plantsje wy foar de takomst? Hûndert auteurs út binnen- en bûtenlân skreauwen der in nij, koart ferhaal oer. Fyftjin professionele fertellers lêze dy ferhalen foar. Yn de tún by de Friezen thús, op de folkstún, yn tunen fan staten en stinzen en yn pluk- en teetunen. Yn it Frysk, yn it Nederlânsk of yn it Ingelsk.

Boarne fan ynspiraasje is it fjirtjinde-iuwske masterwurk fan de Italiaanske dichter en gelearde Boccaccio: de Decamerone. In samling fan hûndert ferhalen, yn tsien dagen ferteld troch tsien jonge minsken, op ’e flecht foar de pest.

Lykas doe fertelle we inoar no ek ferhalen om de tiid troch te kommen, om inoar te fermeitsjen, om te reflektearjen op de ellinde. Mar ek – en benammen – om wer in bytsje skjintme en gelok te finen.
It programma begjint om healwei achten en oere duorret likernôch in oere. De tagong is fergees en hoechst dy net oan te melden. Nim sels in túnstuoltsje mei. At it bûtendoar, om it waar, net kin, sitte we yn de sêrre mei útsicht op de tún.

Mear ynformaasje stiet op www.uitgesteldgeluk.nl.

july 2, 2022 13:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.