Drompel foar toanen Fryske topstikken ferlege

july 29, 2022 08:44

Mear as 50.000 foarwerpen telt de kolleksje fan it Keninklik Frysk Genoatskip. Dy grutte en wichtige kolleksje wurdt foar it Genoatskip troch it Frysk Museum beheard. Beide ynstellingen moedigje oare musea oan om gebrûk te meitsjen fan de kolleksje, mar fanwege kwestjes oangeande oanspraaklikheid bliek dat yn ’e praktyk faak lestich. Dêr is no feroaring yn kommen: it Frysk Museum en it Keninklik Frysk Genoatskip hawwe in tige ferienfâldige oerienkomst sletten, dy’t it foar oare musea makliker makket om objekten út de kolleksje fan it KFG te lienen.

F.l.n.r. Joop Koopmans, foarsitter KFG. Kris Callens, direkteur Frysk Museum en Ritske Mud, sekretaris KFG (foto: Marieke Balk Fotografie)

It Frysk Museum en syn grûnlizzer, it Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer hawwe nije ôfspraken makke oer it behear fan de kolleksje. De nije ôfspraken binne fêstlein yn in behearoerienkomst, dy’t op woansdei 27 july ûndertekene is.

De kolleksje fan it Genoatskip bestiet út mear as 50.000 foarwerpen en makket dêrmei goed 26% fan de totale kolleksje fan it Frysk Museum út. Wichtiger noch is de hege kwaliteit: it grutste part fan de fêste opstelling en belangrike dielen fan tydlike útstallingen fan it museum wurde foarme troch de topstikken út de kolleksje fan it Genoatskip.

Oare musea kinne brûklienen út de kolleksje by it Frysk Museum oanfreegje. Dat bart ek op grutte skaal: it museum hat oan mear as hûndert lokaasjes (mei dêrfan 88 yn Fryslân) goed 700 objekten fan it genoatskip útliend. Der wie lykwols wol in hege drompel: de âlde oerienkomst tusen genoatskip en museum wie basearre op de âlde lanlike praktyk dêr’t eltse brûkliennimmer folslein oanspraaklik by wie foar de folle ferfangingswearde fan de te lienen foarwerpen. Fersekeringspreemjes rûnen dêrtroch heech op.

In kommisje fan musea, mei dêrûnder it Frysk Museam, wurke dêrom oan it ferienfâldigjen en standerdisearjen fan it brûklienferkear. Dat resultearre yn 2018 yn de lanlike fêststelling fan de koade brûklienferkear. Utgongspunten binne ûnder mear dat de brûkliennimmer op profesjonele wize neffens museale standert mei it brûklien omgiet (feiligens, behâld en behear binne goed regele) en de brûklienjouwer goed ynformearret, dat beide partijen fan betrouwen oer en wer útgean kinne, meitinke oer beheinen fan risiko’s en dat oanspraaklikheid fan de brûkliennimmer foar te ferhelpen skea beheind wurdt.

By it Keninklik Frysk Genoatskip libbe ek in sterke winsk om de drompel foar it útlienen fan objekten út de eigen kolleksje te ferleegjen. Dêrom binne dy útgongspunten no ferwurke yn de neamde behearoerienkomst. Dy geunstigere betingsten kin it Frysk Museum no ek oanbiede oan ynstellingen dy’t foarwerpen fan it Keninklik Frysk Genoatskip yn brûklien hawwe of nimme wolle. Dêrtroch wurdt dat ienfâldiger en goedkeaper en wurdt de rike kolleksje fan it Genoatskip noch better sichtber.

july 29, 2022 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.