Amateur moat tolkje yn rjochtssaak, mar seit neat – profesjonele tolk sit wilens skeptysk op tribune
Resint ferskynd
- Strjitnammebuorden oanlieding foar nije Spaanske taalstriid 0
- Takom wike grutte treinstaking 0
- Wer grutte flater by ôfhanneljen ierdskokskea: slachtoffers witte net wat se no moatte 0
- Programma Into The Great Wide Open 2022 folslein 0
- Fryske gemeenten poerbêst berikber fia e-mail, ôfhanneling kin noch better 0

It Ljouwerter gerjochtshôf hat woansdei in net-kwalifisearre eigen meiwurkster beëdige om te tolkjen by in rjochtssaak. Hja hat lykwols neat sein. Dat barde by in sedesaak dêr’t net alle oanwêzigen it Frysk goed behearsken. Der binne wol offisjele rjochtbanktolken en dy binne ek frege woarn, mar it Iepenbier Ministearje wie net ree en betelje it taryf dat hja fregen. Neffens it gerjochtshôf is de ôfwizing fan de tolken en it tolkje litten fan it rjochtbankfrommeske “korrekt en neffens de regels” gien.
Rjochtbanktolk Fedde Dykstra wie as taharker by de saak oanwêzich. Neffens him is it nuver om net in goed oplate tolk te freegjen. Dykstra seit: “It Ryk soe misferstannen útslute moatte troch in profesjonele tolk yn te hieren. Je kinne dan wol sizze dat de dame yn kwestje Frysktalich is, mar dêrmei is se noch gjin tolk. Ien dy’t in mes hat, is ek net automatysk slachter.”
Dykstra sei tsjin Omrop Fryslân ek dat er him ôffreget oft de Hollânsktalige riedshearen en abbekaat-generaal wier alles begrepen hawwe wat de fertochte en de presidint yn it Frysk seine. Hy wiist derop dat de abbekaat-generaal in kear trochskimerje liet dat er twivele oft er de fertochte goed begrepen hie. Kultuerdeputearre Sietske Poepjes is ek net wiis mei de gong fan saken, dy’t hja “fier fan elegant” neamt.
De abbekaat fan ‘e fertochte Robert Snorn seit dat er leaver in kwalifisearre tolk hân hie, mar dat de fertochte der ek gjin belang by hie dat de saak om de tolkestriid ferskood wurde soe. De Fryske rjochtbanktolken wolle al moannen in bettere betelling as dat it Iepenbier Ministearje jaan wol.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje