‘Tolef bryfkes’ mei Súdwesthoekske poëzy

april 26, 2021 14:03

Ofbylding: Tolef bryfkes

In nij tydskrift foar poëzy útbringe, dat klinkt as in grutte opjefte. Tolef bryfkes sil deroan begjinne, mar dan yn in beskieden foarm. Elk nûmer bestiet út tolve briefkes. It tydskrift ferskynt yn it Frysk fan ’e Súdwesthoeke.

Sûnt in pear wiken is de Facebookside fan it tydskrift al online. Mei ferskate berjochten wurde ferskate soarten Súdwesthoeksk frege. Fan Gaasterlânsk oant Lemstersk, it kin allegear. Dêrneist is der ek in winaksje: nûmer tolve dy’t sizze kin hoefolle briefkes in nûmer hat, wint in fergees nûmer. Wat tinke jo?

Gedichten ynstjoere foar it maaie-nûmer kin noch oant 3 maaie. It nûmer dêrnei komt yn ’e hjerst út. Dichters krije gjin fergoeding, mar dêr stiet foaroer dat in nûmer mar in euro kostet.

Kontakt opnimme foar kopij of in nûmer kin fia de Facebookside of fia de mail: desudjouwerij@gmail.com.

april 26, 2021 14:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.