‘Skriuw dy ryk’: nije fideorige om kreatyf Frysk te skriuwen

maaie 15, 2019 07:00

Studinten Frysk fan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert hawwe in rige fideo’s makke om kreatyf skriuwen yn de Fryske taal te befoarderjen. De fideorige hat de namme Skriuw dy ryk krige en is ornearre foar gebrûk yn ‘e Fryske les op skoallen.

It ûntwikkeljen fan kant en klear ûnderwiismateriaal is in nije foarm fan ûnderwiis dêr’t de Ljouwerter hegeskoalle mei wurket. It efterlizzende idee is dat studinten mear opstekke fan sokke ûntwikkeltaken as fan allinnich mar kolleezjes.

Op it stik fan ûnderwiis oan ‘e hân fan fideo’s rint it Frysk al lang foarop. Bekende foarbylden binne de MOOC Frysk mei dosinte Gerbrich de Jong fan de Ryksuniversiteit Grins, de staveringsfideo’s mei dosint Henk Wolf fan de Afûk, de LINKK-fideo’s fan Omrop Fryslân. Op Omrop Fryslân joech dosinte Anna Marije Bloem geregeld taaltips en It Nijs hat sels de fideorige Academia Franekerensis ûntwikkelje litten.

Skriuw dy ryk wurdt op 21 maaie om 16.15 oere op ‘e fêstiging fan ‘e hegeskoalle oan ‘e Ljouwerter Rengersleane presintearre (lokaal B 0071). Nigethawwers binne wolkom om derby te wêzen.

maaie 15, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.