De foks, de wolf en de tsiis (ferhaal)
Resint ferskynd
De foks en de wolf wiene ris tegearre op ’e strún. Se rûnen mei de honger yn ’e hals. De boeren hiene de hinnen en it lytsfee goed fêst. Nei’t it my ferteld is, moat it hjir yn it Unlân bard wêze. Dêr lei in planke oer de Feanskieding. Fuort dêrby rûn in sânpaad, sawat troch bosk en heide, dat hjitte fan de Wolvedyk. It wie in woestenij, sadwaande holden dêr wolven en foksen ta. No dan, de wolf en de foks rûnen oer dat sânpaad en doe kamen se by in planke.
It wie sierlik ljochtmoannewaar, stil en helder. De moanne spegele yn it wetter fan ’e Feanskieding. Ynienen rôp de foks: “Blikstiender jonge, dit is ús kâns. Hjir is in boer mei in kroade mei tsiis lâns gien. Dêr is ien fan yn ’e feart rôle. Sjoch mar ris.” Ja, de wolf seach de tsiis dúdlik en klear yn it wetter lizzen.
Se hiene in ein tou by harren en dat knopen se oan de leuning. De foks liet him dêr earst by del glide. Mar hy kaam lang net oan it wetter ta, it tou wie te koart. Hy sei tsjin de wolf: “Jonge, dyn poaten binne langer as minen. Ik kin der net by komme, dat do moatst it mar ris besykje.” De foks klom omheech en doe soe de wolf. Mar se hiene it tou mei in slach om in skroat of in styltsje fêstset. As de iene him sakje liet, hold de oare it loas ein beet. Mar doe’t de wolf dan ûnder oan it tou hong, doe koe er noch net by de tsiis komme. Hy sei tsjin de foks: “Do moatst it tou justjes fiere litte!” Dat die de foks, mar doe koe er it net hâlde, of hy bearde dat er it net hâlde koe. Hy liet it tou slûpe en de wolf pofte yn ’e Feanskieding.
No leine dêr einen yn ’e wâl te sliepen. Dy waarden kjel fan de plof yn it wetter en spatten op. De foks makke fuort in sprong en snapte der ien fan. De wolf wie net minder kjel wurden, mar likegoed taaste en die er nei de tsiis. Lykwols, dat wie om ’e nocht en doe klaude er mar gau by de wâl op en dêr stie er mei de wiete pels. It wetter bare en skolpere yn ’e Feanskieding en de tsiis wie fuort.
Undertusken hie de foks de ein al behimmele en de wolf koe de sturt, de poaten en de snavel krije.
Ype Poortinga






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje