Gaia foar it lêst yn Fryslân te sjen
Resint ferskynd
Sûnt tongersdei 28 july is yn Boalsert te sjen hoe’t de ierde der útsjocht as men op de moanne stiet. Yn de Broeretsjerke hinget Gaia, in grutte ferljochte wrâldbol fan wol sân meter. De Britske keunstner Luke Jerram wol mei dy bol sjen litte wat de ierde is: in bjusterbaarlik moai en kostber plak, dêr’t we goed op passe moatte.

Gaia yn de Broeretsjerke. Foto © Pascal Arts
Gaia is yn de Grykske mytology de personifikaasje fan Mem Ierde. Luke Jerram hat har
hielendal op skaal neimakke, krekt 1,8 miljoen kear sa lyts as de ierde werklik is. Op 211 meter ôfstân sjocht men de ierde sa’t men dy sjen soe as men op de moanne stie. Mei de sfearyske muzyk dy’t der te hearren is fielt it as wie men in astronaut. Dan kin men allinne noch mar ûntsach foar ús ierde fiele.
Om dat sels te ûnderfinen is in besite oan de Broeretsjerke oan te rieden. Dat kin oant 14 augustus fan moandeis oant en mei tongersdeis tusken 10.00 en 17.30 oere. Freeds en sneons is it fan 10.00 oant 22.00 oere. Dan is Gaia dus ek yn it tsjuster te sjen. It is fergees.
Foar bern wurde der ek noch moaie aktiviteiten om hinne organisearre en foar de grutten jout Justin Bötger op 5 en op 12 augustus de lezing ‘Van oerknal tot nu’. Dat is yn Kultuerhistoarysk Sintrun De Tiid en it begjint om 19.30 oere. Sjoch foar kaarten op ww.bmf.op-shop.nl.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje