Ien en ien is twa (ferhaal)

maaie 11, 2024 10:00

Ien en ien is twa

Wilbert Salderius woe it wat kalmer oan dwaan en hie syn wurk ôfboud. Syn frou Teatske wie safier noch net. Se hie net om ’e nocht it foech Dútsk helle. Lesjaan die se mei nocht. Dêr woe se noch net mei ophâlde. Se praten ôf dat Wilbert tenei wat mear oan it húshâlden dwaan soe. Dan koene se tegearre wat mear fan de frije tiid genietsje. Dat wie der de lêste jierren faak by ynsketten. It like him net ûnreedlik wat Teatske fan him ferwachte, mar hy seach der wol tsjin oan. Salang’t se troud wiene hie er nei it húshâldlik wurk gjin hân útstutsen. It wie ienfâldichwei net yn him opkommen en Teatske hie him der net op oanstien. Doe’t de bern grut wiene en Teatske nochris oan ’e stúdzje begûn wie, hie se in help oannommen dy’t har it wurk in pear kear yn ’e wike út ’e hannen naam. Dat wie sa trochgien doe’t se in baan as learares krigen hie. No’t it derop like dat Wilbert tiid genôch hie om it deistige húshâldlike wurk te dwaan, soe de wurkster tenei mar ien moarn yn ’e wike komme.

It boadskipjen draaide ek foar Wilbert op. Dat like him noch it minste karwei ta. Hy wie grut wurden yn in tiid dat de winkelman de boadskippen ien kear yn wike by syn mem thús brocht. De grienteman en de molkboer kamen ek oan ’e doar. Hy wist wol dat der gâns wat feroare wie, mar dat hy no as iennige man, mei in karke yn sa’n supermerk tusken al dy winkeljende froulju, sels de boadskippen útsykje en ynlade moast, dat like him in grutte fernedering. En dan thús de boel útlade. Wat moasten de buorlju wol net tinke. Teatske fielde it wol oan en sei ta dat se earst wol in pear kear mei him te boadskipjen soe. Dan koe er der stadichoan oan wenne en krige er ek wat in idee hoe’t sa’n supermerk ynrjochte wie.

Doe’t se de earste kear tegearre by de supermerk kamen wist Wilbert net wat er seach. Der wiene folle mear pearen dy’t tegearre de boadskippen diene en ek nochal wat manlju dy’t de frou net by har hiene. Dat stelde him wol gerêst. It soe syn hobby net wurde, mar der wie oerhinne te kommen. Teatske sei dat se tenei tegearre wol in listje mei de nedige boaskippen meitsje koene. As se dat opstelden yn de folchoarder fan it plak dêr’t se te finen wiene, soe dat it winkeljen in stik makliker meitsje. By ûnderfining wist se dat it moandeis en tiisdeis lang sa drok net yn de winkel wie as op de lêste dagen fan de wike. Dêrom gie se sels altyd yn it begjin fan ’e wike en leafst tusken healwei ienen en ien oere.

Reklame hie Wilbert nea acht op slein. Telefyzje- en krantereklame seach er net nei en folders bedarren altyd fuort by it âld papier. Doe’t er him al ferskillende kearen sels mei it boadskipjen rêden hie, krige er each foar oanbiedingen. It begûn in kear mei in pûde spinaazje: 35% koarting. Hee, dat wie moai meinommen. Doe’t er it thús yn it grientefek dwaan soe, seach er dat it deselde deis opiten wurde moast. No ja, dat wie gjin beswier. Letter foel him ris op dat trije pakjes smartsiis fiif euro kosten, wylst twa pakjes foar de folle priis hast likefolle djoer wiene. Hy rekke der wat op ôfjage en sloech geandewei mear acht op sokke ferfaltsjes. It spul moast fansels wol duorje kinne. As it op it lêst weismiten wurde moast, wie it dochs noch djoerkeap.

Op in dei seach er by de yochert ‘1+1 gratis’ stean. De uterste datum lei fjirtjin dagen fierder. Ien plus ien is twa. Twa pakken fergees, wie my dat efkes de muoite wurdich! Dat hy sette twa pakken yn it karke. Fergees! It woe him hast net oan. Soe it fabryk by fersin te folle makke hawwe?

Doe’t er thús alles teplak set hie beseach er de kassabon. Wol fergemy, hie er dochs de folle priis betelle. Hy skille nei de supermerk. Hy krige in karmenu en bliek ek noch net iens mei de eigen supermerk ferbûn te wêzen. De juffer oan de telefoan hearde him oan en sei: “Sjoch ris ûnder oan de bon; is dêr net in pak ôflutsen?” Ja, dat wie yndied it gefal. “Mar dat oare pak dan? Se wiene beide dochs fergees?” De juffer: “Tinke jo wier dat wy gek binne? Ien betelje, ien fergees, dat is ús reklame.” Wilbert: “Jawis, tink ik dat. 1+1=2 en dêr stie gratis by. Jimme dogge better en skriuw: de twadde fergees.” Hy hat it der mar net mei Teatske oer hân.

Popkje Huitema

 

maaie 11, 2024 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.