Waarpraatsje: Noch gjin maitiid
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie tongersdei hiel ferfeelsum waar mei hast de hiele dei storein. It bliuwt foarearst ritich.
Tongersdeitenacht reint it sa út en troch, mar letter wurdt it drûch. De wyn komt earst út it suden en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. Letter rommet de wyn nei it westen en sil it oeral matich wêze. It wurdt in graad of 4.
Freed liket it yn Fryslân it grutste part fan ‘e dei drûch te bliuwen en in glimp fan ‘e sinne is net útsletten. Yn ‘e moarntiid komt de wyn út it súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. Letter krimpt de wyn nei it suden oant súdeasten en boazet er oeral wat oan. It wurdt 10 graden.
Yn it wykein bliuwt it ek net hielendal drûch.
Jan Brinksma






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje