Briefkje (92): Froed of swiid?
Resint ferskynd
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
- FeRstival fiert jubileum: 80 jier foardrage yn it Frysk 0
- Seis Keamerleden lizze ûnthjit yn it Frysk ôf 0
- Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamintsk krije ekstra jild 0
- Pier Bergsma: Yn Dantumadiel fersteane se gjin Frysk 1
Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn foarige brief.
Bêste Jan,
doe’t ik de wurden ‘noed of soarch’ boppe dyn brief seach, wie it efkes ho. Soe er net ‘noed én soarch’ bedoele, tocht ik. It bynwurd of koe wolris in fersin wêze, want meastentiids wurde noed en soarch oaninoar keppele om inoar te fersterkjen. Dat sjogge we ek by de wurden froed en from, dy’t tegearre in hege mjitte fan deugdsumens útdrukke. Dat wurdpear kom ik noch op werom.
It wie wol deeglik dyn bedoeling om it ferskil tusken noed en soarch te ûndersykjen. Omdat de betsjuttingen fan dy wurden sa tichte byinoar lizze, is dat lykwols dreech út te meitsjen. By beide wurden sitte wy oer eat yn, mar by noed giet it miskien mear oer driigjend gefaar, wylst by soarch mear tocht wurdt oan it ferbetterjen fan in omstannichheid om grutter driging foar te kommen. Wurdboeken jouwe gjin dúdlikens en hoe grut is de ynfloed fan de Hollânske betsjutting fan nood en zorg? Der is grif kultuerferskil, mar dat is sa dreech ûnder wurden te bringen dat ‘yntolerânsje’ net it krekte wurd is om dêrfoar te brûken. Kinne wy it net better besjen as in skerpe gefoelichheid foar betsjuttingsnuânsen? Dy gefoelichheid is ferhipte nijsgjirrich, mar ek tige fan belang mei it each op taalskieding en taalskôging! Wat bedoele wy krekt en wat bedoele oaren krekt; skande as minsken dêr spul om krije.
En no fan noed nei froed.
It binne rymwurden, mar dêr doel ik net op. Se kinne, los faninoar in fêste kombinaasje mei in oar wurd foarmje: noed en soarch, froed en from. De wurdsjes fersterkje inoar, mar hawwe dochs in justjes ferskillende ynhâld. It giet my om de ynhâld fan froed en de oanlieding is it neikommende.
In koar yn Beetstersweach hat ‘It Heitelân’, foar guon it twadde folksliet fan Fryslân, op it repertoire. De tredde strofe fan dat liet begjint mei ‘Dêr’t har froed de geaën spriede’. Wat sjonge we dêr eins?, wie de fraach, of krekter noch: wat betsjut froed? Dat de lânsdouwe him tusken Lauwers, Flie en Lende útstrekt, koenen de sjongers wol neikomme, mar froed? Yn it lieteboek Fryslân sjongt stiet yn in fuotnoat: ‘guodlik’. Mar froed hat dochs te krijen mei wiisheid? Tink mar oan froedskip (it stedsbestjoer lei yn hannen fan wize mannen), froed en from (ferstannich en godfruchtich). By in lânskip soe men earder tinke oan swiid (skjintme) en ek wol swiet en waarm. Yn in oar kûplet is swiet ek al brûkt foar it Reaklif, dat ‘swietkes lonket’. Froed is in eigenskip dy’t past by minsken, dochs net by geaen?
Myn konklúzje is dat der sprake is fan in personifikaasje: de tekstdichter stelt it lânskip foar as in persoan, dy’t tsjûget fan wiisheid en deugdsumens. En rêstich drôgjend, in rigel fierder, stipet dat idee. In gea kin net dreame, mar in persoan wol.
Miskien hasto, of in oar, in bettere ferklearring foar it brûken fan froed yn ferbân mei geaen dy’t har spriede. It koar op ’e Sweach wol it graach witte.
Mei freonlike groetnisse,
Ed
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje