Lit sjen dat it Frysk in libbene taal is

febrewaris 6, 2024 09:13

Der waait in Fryske wyn troch De Haach en Fryslân. De Fryske Twadde Keamerleden hâlde de finger goed oan ’e pols mei fragen oer de posysje fan it Frysk en se freegje en krije fan de minister positive skriftlike antwurden, yn it Frysk. De ôfspraken tusken Ryk en Provinsje oer de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer wurde op dit stuit makke en lykje skerper as ea formulearre te wurden. Yn de Twadde Keamer frege Aant Jelle Soepboer op in positive wize omtinken foar it Frysk troch syn maidenspeech foar in part yn syn memmetaal taal te hâlden. De rûnetafelpetearen oer it Frysk okkerdeis yn De Haach waarden as tige posityf ûnderfûn mei ús kommissaris Brok as poerbêste ambassadeur foar it Frysk en de Friezen.

Foto: Wikipedy – publyk domein

De takomst fan de frisistyk sjocht der in stik fleuriger út as de ôfrûne jierren. Der moat wer in folweardige universitêre stúdzje Frysk mei in heechlearaar komme, sa wie it advys fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen yn jannewaris. Noch gjin wike letter stelt demisjonêr minister Dijkgraaf dêr alfêst 340.000 euro foar beskikber. Sels de universiteit Grins, dy’t de stúdzje Frysk redusearre hie ta in ûnderdieltsje fan in bredere bachelor minorities & multilingualism, sjocht ynienen wer mooglikheden.

Der is noch in soad om foar te striden. It Frysk op skoalle moat substansjeel better, te folle bern groeie op as analfabeet yn har eigen taal. It Frysk yn de rjochtbank hat noch altyd net it plak dat it formeel hawwe moat. Mar der wurde stapkes foarút set. Foarige wike stimden Provinsjale Steaten dermei yn om it suksesfolle Iepen Mienskipsfûns foar leefberensprojekten nochris fjouwer jier iepen te stellen. De provinsje wol mei dat fûns no ek it Frysk in ympuls jaan. Oanfregers moatte it Frysk of in streektaal yn har projekt brûke. Oan subsydzjes wurde altyd betingsten steld. Dat dêr yn Fryslân, mei syn twa offisjele rykstalen, ek in taalbetingst by sit, liket logysk. Mar dat fûnen PvdA, VVD en JA21 net. Dy wolle net dat it Frysk oplein wurdt. Soms is it lykwols nedich om mei regels en betingsten in swakkere partij te beskermjen en syn rjochtmjittich plak te jaan.

De Fryske taal makket in wêzentlik ûnderdiel út fan de Fryske kultuer. Kulturele ynstellingen yn Fryslân, lykas musea, Keunstwurk en Arcadia, beseffe te min dat se hjir in ferantwurdlikheid hawwe foar de kultuer yn syn gehiel en yn it bysûnder foar de wichtichste utering fan dy kultuer: it Frysk. Mei it brûken fan it Frysk as subsydzjebetingst set de provinsje datoangeande no in logyske stap.

Lit sjen dat it Frysk in libbene taal is, dat it ekonomyske wearde hat, dat it de taal fan it hert is foar in soad Friezen en ek nochris in prachtige taal. Hiel bysûnder, mar foar in soad Friezen ek hiel gewoan.

Nynke Beetstra,
skriuwer fan de Ried fan de Fryske Beweging

febrewaris 6, 2024 09:13
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. hvanoorschot febrewaris 6, 10:15

    Gjin moaiere taal as it Frysk! Wy kinne der Grutsk op wêze dat wy Frysk prate kinne. Oare minsken hawwe dat foarrjocht net.

  2. Jangerben. febrewaris 6, 16:22

    Dit jouwt de boarger moed, Nynke

  3. Jehannes Elzinga febrewaris 8, 18:29

    Ik bin bang dat de situaasje minder geunstich is as Nynke tinkt. Sjoch mar nei it Frysk ûnfreonlike belied fan ING.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.