Sintrum Wolvegea oeral helle

oktober 30, 2023 11:21

Wa’t it kommende healjier yn it sintrum fan Wolvegea wêze moat, sil rekken hâlde moatte mei in ûngewoane situaasje. Hjoed wurdt yn de Hoofdstraat Oost en de Van Harenstraat in begjin makke mei it ferfangen fan kabels en liedingen.

Dy drokte hâldt ferbân mei it projekt Sintrumûntwikkeling Wolvegea. It karwei sil in healjier yn beslach nimme, mar it wurdt yn parten útfierd en foar it autoferkear wurde omliedingsrûten oanjûn. De winkels binne yn dy tiid wol te berikken foar wa’t der te foet of op ’e fyts hinne giet.

De winkelstrjitte komt der folslein oars út te sjen. De hynstesport, dêr’t Wolvegea bekend om is, komt yn de nije ynrjochting werom. Yn de strjitfluorring wurde eleminten fan dy sport lykas hoefizers en spoaren fan in sulky opnommen. De strjitte wurdt oanklaaid mei nije bankjes en griener makke mei mear planten en beammen.

oktober 30, 2023 11:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.