Mirjam van Houten lêst foar by de Afûk mei start kulturele seizoen
Resint ferskynd

Yllustraasje: Mirjam van Houten (boarne: Afûk)
Op sneon 3 septimber sette kulturele ynstellingen yn Ljouwert de doarren foar it publyk iepen mei it each op de start fan it kulturele seizoen 2022. Om 11.00 oere ferwolkommet de Afûk dan skriuwster en yllustratrise Mirjam van Houten yn ’e winkel. Dy lêst foar út har nije boek Jelle en Juf en organisearret in nifelaktiviteit. De tagong is fergees.
Oer it boek
“Jelle is gewoan in leaf, tûk, sterk en grappich jonkje. Mei in hiel soad fantasy. Dat wol. Jelle syn luie each is soms sa lui dat it thús op de bank lizzen bliuwt te tillefyzjesjen. Jelle komt te let omdat er ûnderweis nei skoalle rúzje hat mei in babydino. Jelle hat altyd aparte fratsen. Juf hat it der mar drok mei…” Fiifentweintich humoristyske foarlêsferhaaltsjes mei prachtige yllustraasjes oer it fantasyrike jonkje Jelle en syn juf, dy’t soms strang, mar ek hiel leaf is. Foar bern fan 4-8 jier.
Mirjam van Houten
Mirjam van Houten (1977) wennet op de Himrik en hat in grutte tún mei in prachtige beamhutte. Sy kin net allinne moai skriuwe, mar ek nochris prachtich tekenje.
Har earste boek Tije ferskynde yn 2016 en is yn it Faëroersk oerset. It boek waard fuortendaliks nominearre foar de Simke Kloostermanpriis. Yn 2021 ferskynde it prachtige printeboek By beppe útfanhûs.
Auteur: Mirjam van Houten | ISBN : 9789493159891 | Tal siden: 78 | Taal: Frysk | Utjouwer: Afûk | Utjefte: ynbûn | Yllustrator : Mirjam van Houten | Kategoary: Berne- en jeugdboeken, Berneboeken 4-8, Fryske boeken, Lês-mar-foar-wiken.
Mear ynformaasje oer it Fryske útfestival UitinHuis is hjir te finen.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje