10 en 11 septimber Iepen Monumintedagen en Utfestival yn Wâldsein
Resint ferskynd
Yn Wâldsein wurde dit jier de jierlikse Iepen Monumintedagen wer kombinearre mei Uitfestival Súdwest-Fryslân. It is in jubileumedysje: foar de tsiende kear monuminten, muzyk en mear, mei aktiviteiten yn it hiele doarp foar jong en âld.

Foto: Wâldsein Promoasje
Monuminten en keunst
Der is in monumintale rûte troch de âlde kearn fan it doarp mei ynformaasje op ’e gevels fan de gebouwen. De unike mûnen, tsjerken en de âldheidkeamer De Parel binne iepen foar besichtiging. By de rûte lâns is keunst en kreativiteit fan ynwenners te sjen en te dwaan yn it ramt fan it tema fan de Iepen Monumintedagen: ‘duorsumens’.
Muzyk
Op ferskate plakken is sneontemiddei livemuzyk yn it doarp:
Oan ’e Iewâl by restaurant Omke Jan en Mûne De Jager treedt ‘biertrûbadoer’ Jan Nota op en by kafee/restaurant De Watersport trûbadoer Henk Kuyper. Op de monuminterûte is der muzyk yn ’e Midstrjitte mei duo de Scalaviolino’s, yn ’e Sint Michaëltsjerke mei it koar Om ’e Nocht en by Mûne ‘t Lam mei duo De Trochsetters. Yn it doarpshûs/MFC De Driuwpôlle is der sneon matinee mei shantykoar De Pôllesjongers en op snein matinee mei koar De Reinbôge.
Mear…
Yn it doarpshûs/MFC De Driuwpôlle is in kreatyf en boartlik programma foar jong en âld yn it ramt fan it tema fan it Uitfestival Súdwest-Fryslân, ‘fierder’. De sneons spesjaal foar de jongerein mei seereizen oer de ierde fia spul en kreatyf dwaande wêzen. De sneins mei in presintaasje fan de resultaten fan de sneons en in spektakulêre foarstelling fan Terugspeeltheater Draad.
Fierder binne der de sneons noch ferskate aktiviteiten lykas de bekende Boeremerk fan Wâldsein, Farre mei Ferhalen mei de Clasina en Us Edse, de Alvestegetocht, in strjitteäter en in iepen dei mei hûndert jier histoarje fan Timmerfabryk De Jong.
Alle aktiviteiten binne frij tagonklik. Buorden ferwize nei parkearplakken bûten de âlde kearn. Mear ynformaasje en in wiidweidige programmafolder is beskikber fia www.welkominwoudsend.nl en woudsendpromotie@gmail.com.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje