Mei Keimpe de Krokodil op ’e syk nei greidefûgels

july 27, 2022 08:47

Yn gearwurking mei de Afûk hat IVN (Ynstitút foar Natueredukaasje) dit jier in ûnderlizzer/sykplaat en in boekje ûntwikkele, oanslutend by it tema greidefûgels: Keimpe de Krokodil – Fûgelsop.

Boarne: Afûk

De Provinsje Fryslân hat de útfiering fan greidefûgeledukaasje – in ûnderdiel fan it greidefûgelbelied – by IVN Fryslân lein. IVN jout dêr ynfolling oan troch op ferskate manieren bern en folwoeksenen te ynteressearjen foar greidefûgels en socht foar dit projekt de gearwurking mei de Afûk. De kommende wiken sille mear as 120 hoareka- en toeristyske bedriuwen pakketsjes ûntfange mei dêryn it materiaal fan Keimpe; om út te dielen oan (jonge) gasten. Sa hopet IVM de ferwûndering foar dy unike fûgels te stimulearjen.

Boarne: Afûk

Keimpe de Krokodil
Keimpe belibbet syn aventoeren yn it Frysk. Hy is gek op lêzen, want troch te lêzen kinst de moaiste aventoeren belibje en alderhande dingen ûntdekke. It ferhaaltsje oer Keimpe is yn it Frysk. De ynformaasje om it ferhaal hinne én de sykplaat yn it boekje en efter op de ûnderlizzer binne meartalich en soargje derfoar dat it pakketsje nijsgjirrich is foar elkenien dy’t yn Fryslân wennet, mar ek foar elkenien dy’t yn Fryslân op besite is.

Fergeze pakketsjes
Der binne fergeze pakketsjes makke mei de boekjes Keimpe de Krokodil – Fûgelsop en de ûnderlizzers mei dêrop ynformaasje oer de fûgels, spultsjes, puzels, in stripferhaal en efterop de grutte sykplaat oer greidefûgels. De pakketsjes wurde ferstjoerd nei mear as 120 hoareka- en toeristyske bedriuwen yn nasjonaal park Lauwersmar, nasjonaal park De Alde Feanen, nasjonaal park Drints-Fryske Wâld en nasjonaal lânskip De Noardlike Fryske Wâlden. Dy partners fan IVN sille it materiaal dit seizoen noch útdiele oan (jonge) gasten/dielnimmers. Sa kinne dy op in boartlike wize mei de Fryske taal yn ’e kunde komme en leare oer greidefûgels en harren libbensomjouwing.

Bestelle
Oare bedriuwen kinne op eigen kosten de pakketsjes bestelle fia: keimpe.frl/keimpe-de krokodil/keimpe-op-reis. As se by it fjild ‘opmerkingen’ oanjouwe dat se belangstelling hawwe foar eksimplaren fan Keimpe de Krokodil – Fûgelsop, nimt de Afûk sa gau mooglik kontakt mei harren op.

july 27, 2022 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.