Ljouwerter yntroduksje foar studinten ‘LEIP! Week’ noch nea sa grut
Resint ferskynd
- Strjitnammebuorden oanlieding foar nije Spaanske taalstriid 0
- Takom wike grutte treinstaking 0
- Wer grutte flater by ôfhanneljen ierdskokskea: slachtoffers witte net wat se no moatte 0
- Programma Into The Great Wide Open 2022 folslein 0
- Fryske gemeenten poerbêst berikber fia e-mail, ôfhanneling kin noch better 0
Foar jongelju dy’t yn Ljouwert studearje sille, is de yntroduksjewike ‘LEIP! Week 2022’ fan Leeuwarden Student City dé manier om it studintelibben fan Ljouwert te ûntdekken. Dat is fan moandei 15 oant en mei tongersdei 18 augustus.
De iepening, it LEIP! Festival, wurdt diskear fanwegen Bosk net op it Aldehoustertsjerkhôf holden mar op it Wilhelminaplein. Op it programma steane bekende nammen as Davina Michelle, Kraantje Pappie, Rolf Sanchez en oare grutte Nederlânske artysten.
Op de dagen dêrnei wurdt ûnder mear picknickt yn de Prinsetún en meisongen mei Vangrail op it Hofplein. Mei in kuier troch de stêd, de Student Walk, wurde de belangrike en nijsgjirrige plakjes ûntdutsen. Troch meidwaan oan alderhande sporten besykje de studinten om derefter te kommen wat foar harren de aardichste binne. Om de stêd en inoar kennen te learen binne it iten mei studinteferieningen en it fan in film bûtendoar genietsjen de oanwiisde mooglikheden.

Foto © Leeuwarden Student City
Studinten dy’t yn de beide foargeande jierren de yntroduksjewike troch de koroana misse moasten, kinne ek oan de yntroduksje fan dit jier meidwaan.
Sjoch https://www.leip.nu/nieuws/het-programma-van-leip-week-2022/ en foar mear ynformaasje en kaartjes op https://www.leip.nu/.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje