Heech rapportsifer foar À la campagne

july 31, 2022 07:15 Fernijd

De grutte tentoanstelling yn it Frysk Museum oer de ynfloed fan it Frânske ljocht yn de 19de-iuwske skilderkeunst kamen sa’n 71.000 besikers op ôf. Dy tentoanstelling is no ôfrûn. By de evaluaasje docht bliken dat er troch it publyk mei in 8,5 wurdearre is. Trochdat Museum Boijmans Van Beuningen yn Rotterdam renovearre waard koene wurken van Cézanne, Monet, Pissarro, Gauguin, Maris, Van Gogh, Sisley, Boudin en Weissenbruch foar ien kear oan Ljouwert útliend wurde en rjochte it Frysk Museum dêr de tentoanstelling À la campagne: het Franse licht van Maris tot Monet mei yn.

Foto Frysk Museum

Parse
De parse wie ek te sprekken oer de eksposysje. De NRC joech fjouwer stjerren en neamde it ‘een feestje voor het oog’. De Volkskrant hie it oer ‘een prachtige expositie’ en De Telegraaf oer ‘de zalen die in warm, zinderend zomerlicht baden.’

Underwiis
À la campagne waard goed besocht troch groepen skoalbern. De learlingen fan de basisskoallegroepen 3 en 4 yn Ljouwert krigen in brief fan Anton Mauve, dy’t harren útnûge om syn skilderijen te besjen. Fan in protte bern krige er in aansichtkaart werom, dêr’t se op fertelden hoe’t se it fûn hiene om de skilderijen fan him en syn freonen yn it echt te sjen. Der waard ek tekene en krekt as de ympressionisten mei kleur eksperiminteare.

Foto Frysk Museum

Learlingen fan it fuortset ûnderwiis en mbû-studinten waarden omdoopt ta keunsthannelers dy’t de wearde fan ympressionistyske wurken fêststelle mochten. Oaren boekten in atelierprogramma en ferrasten harsels mei kleurrike ympresjes fan lânskippen yn oaljepastel.
Eineksamenkandidaten byldzjende fakken koene ûnder de spesjaal ûntwikkele eksamenrûnliedingen harren byldbeskôgingsfeardichheden traine mei echte keunstwurken.

Pabo-studinten, ict’ers út de regio en bûtenlânske dosinten dy’t op útwikselingsreis yn Ljouwert wiene, kamen yn ’e kunde mei de wurkwize fan it Frysk Museum. À la campagne kaam ek as ûnderdiel fan it earste nûmer fan de Nije Moanne, in berne-edysje yn it ramt fan Arcadia, op basisskoallen yn de hiele provinsje terjochte.

july 31, 2022 07:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.