Healewizen slope Drachtster Noardkaai mei auto’s
Resint ferskynd

Trije jongkjirrels hawwe mei auto’s troch it útgeansgebiet fan Drachten oan it jezen west. Dat barde sneintemoarn. It gie mâl. Se jachten dwers troch terrassen hinne. In protte terrastaffeltsjes en -stuoltsjes binne rampoaid, krekt lykas plantebakken en parasols. De rommel leit witwersanne. Se hawwe mei de auto’s ek gevels en winkelruten stikken riden.
De plysje hat troch tips yn Twizel trije fertochten fêstnimme kinnen. Dy komme út Burgum, Ljouwert en it Súd-Hollânske Zoetermeer.
Nuver is dat Omrop Fryslân yn in berjocht oer de saak it rampeplak op eigen manneboet heal ferhollânsket. Dat hjit neffens de buordsjes fan Noardkaai, mar de Omrop wol it Noardkade hawwe.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje