Gaia foar it lêst yn Fryslân te sjen

july 30, 2022 07:10 Fernijd

Sûnt tongersdei 28 july is yn Boalsert te sjen hoe’t de ierde der útsjocht as men op de moanne stiet. Yn de Broeretsjerke hinget Gaia, in grutte ferljochte wrâldbol fan wol sân meter. De Britske keunstner Luke Jerram wol mei dy bol sjen litte wat de ierde is: in bjusterbaarlik moai en kostber plak, dêr’t we goed op passe moatte.

Gaia yn de Broeretsjerke. Foto © Pascal Arts

Gaia is yn de Grykske mytology de personifikaasje fan Mem Ierde. Luke Jerram hat har
hielendal op skaal neimakke, krekt 1,8 miljoen kear sa lyts as de ierde werklik is. Op 211 meter ôfstân sjocht men de ierde sa’t men dy sjen soe as men op de moanne stie. Mei de sfearyske muzyk dy’t der te hearren is fielt it as wie men in astronaut. Dan kin men allinne noch mar ûntsach foar ús ierde fiele.

Om dat sels te ûnderfinen is in besite oan de Broeretsjerke oan te rieden. Dat kin oant 14 augustus fan moandeis oant en mei tongersdeis tusken 10.00 en 17.30 oere. Freeds en sneons is it fan 10.00 oant 22.00 oere. Dan is Gaia dus ek yn it tsjuster te sjen. It is fergees.

Foar bern wurde der ek noch moaie aktiviteiten om hinne organisearre en foar de grutten jout Justin Bötger op 5 en op 12 augustus de lezing ‘Van oerknal tot nu’. Dat is yn Kultuerhistoarysk Sintrun De Tiid en it begjint om 19.30 oere. Sjoch foar kaarten op ww.bmf.op-shop.nl.

Fan maaie ôf wie Gaia as ûnderdiel fan Arcadia al op oare plakken yn Fryslân te sjen. Boalsert is it lêste plak dat Gaia yn Fryslân oandocht. Dêrnei giet se nei Grut-Brittannië, Australië en de Feriene Steaten.
july 30, 2022 07:10 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.