Fryske Akademy helpt by telling oantal Fryskpraters yn Sealterlân

july 2, 2022 00:23
Wittenskippers út Oldenburch en Ljouwert wiene freed byinoar om te praten oer in telling fan de Sealterfryskpraters.

Yn de Dútske gemeente Sealterlân wurdt Frysk praat, mar troch hoefolle minsken, dat is net bekend. De lêste telling is fan 1995. Doe waarden 2.250 sprekkers fûn. Sûnt dy tiid is der in soad feroare en net ien doar te sizzen hoe’t it lân der no hinne leit. Taalkundigen fan de universiteit fan Oldenburch, wolle dêrom in telling organisearje. Hja krije stipe fan de Fryske Akademy yn Ljouwert en benammen fan Edwin Klinkenberg. Hy wie projektlieder by Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje, in telling fan it tal Fryskpraters yn de provinsje Fryslân dy’t yn 2018 útfierd is.

july 2, 2022 00:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.